Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: lopen Narrator Gender: male Place of Narration: Burgum
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar. Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Ik haw in kammeraed hawn, dy syn heit, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei. En hy mocht sa graech in slokje, dat hy wie hast altyd dronken. Op in kear kom er wer út 'e herberch. Hy wie smoardronken. Syn soan wie by him. Hja rounen de Simmerdyk del. Doe woarde dy man samar ynienen optild en in ein fuortsmiten. Dat hat de duvel dien....
nl.verhalenbank.38129
Der waerd ús al jong yndruid: Nachts net op 't midden fan 'e wei rinne, hwant der kin wolris in lykstaesje ûnderweis wêze, en dan wurde jo oan kant smiten.
nl.verhalenbank.38128
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Heit fortelde ús, hy hie ris in faem hawn, dêr moest er mei nei Burgum ta. Doe't se noch net earlik oan 't plak tawienen. dêr't letter it tramstasjon wie, krige de faem heit by de earm en rôp: "Heare, mast dêr ris sjen!" Doe kaem har dêr in houn tomjitte sa great as in hokling. Hy roun har stadich foarby. Beide trillen op har skonken. Efkes letter wie er...
nl.verhalenbank.31963
To Burgum, by de âld tsjerke is in ûnderierdske gong. Dy rint fan it kleaster nei de greate tsjerke ta, oerdwars.
nl.verhalenbank.38144
Der woarde froeger altyd tsjin ús sein: "Rin noait midden op 'e wei, hwant der kin ris in lykstaesje oankomme.
nl.verhalenbank.27648
Yn Jistrum wenne Jan Binnes. Dy hie in frou dy sei, hja hie in glêzen skonk. Hja wie hypechonder. Hja koe net rinne, miende se, mar 't wie neat oars as ynbylding. Op in dei sette Jan Binnes har op 'e jitkarre. Hja rieden togearre 't lân yn, oer 't bûtlân en sa werom. Mar doe't se op 'e weromreis fjouwer kampen lân troch wienen, makke hy de jitkarre los,...
nl.verhalenbank.31312
35