Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Ingwierrum stiet in âld boerespultsje. Dêr lei in gracht omhinne. Der is in ûnderierdske gong, dy rint fan 'e herfoarme tsjerke nei dat spultsje ta.
nl.verhalenbank.27223
Men moast de toffels nachts net foar 't bêd sette; die men dat, dan roan der nachts ien yn om, sei beppe.
nl.verhalenbank.23643
Alde Boele de Vries, dat wie Anne de Vries syn pake. Dat wie in hiele raren. Dy hat it wol sà raer fortoand yn syn leven.
Op in kear kom er mei 't wiif fan Surhuzum. Hy moest nei 't Wêst fan Stiensgea. Doe't se oan 't pypke ta wienen, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, doe foelen de beammen samar foar har del op 'e wei.
Doe hat er rare binaud west.
nl.verhalenbank.23754
Myn frou kom ris op in joune let noch by de boer wei yn Aldwâld. Sy moest nei Kollum ta. 't Wie yn 'e oarloch. Underweis kom der har in bigraffenis tsjin. Hja wie needsake om yn 'e berm to gean. Hja hat dêr sa lang yn 'e berm stien oant de bigraffenis foarby wie.
nl.verhalenbank.36365
Yn 't Wêst fan Stiensgea spoeke jouns altyd in grouwe reabonte houn. Dy roan flak by de minsken lâns. Mar hy die har neat.
nl.verhalenbank.23755
Ytsen Ytsma wenne yn 'e Poes ûnder Surhuzum. Hy gong wol gauris to jounpraten, èk yn de Poes. Dan nom er altyd syn jonge mei, hwant hy doarst der net allinnich út op 'e joun. Hy hie in min geweten. As er to praten gong woarde de jonge altyd yn 'e hutte opsluten, hwant dy mocht net by de praterij wêze.
Op in kear gongen se togearre wer op hûs yn. Doe sei...
nl.verhalenbank.27663
Warmolds wie in boerke fan Stiensgea. Hy hat yn 'e Harkema it evangeelje brocht en dêr in tsjerkje delsette litten. Der wienen guon dy hienen in hekel oan him. Op in joun moest er de Turfloane del fan Stiensgea nei Harkema. Doe hienen se tsjin him sein: "pas op, dêr lizze in pear klear, dy wolle jo deameitsje." Dat wienen guon dy't de pik op him yn...
nl.verhalenbank.27665
Hjir yn Stiensgea wennen twa âlde feinten, dat wienen Albert en Ate. Dy wienen boer. Sy dienen alles togearre. Se hienen lân yn Surhuzum.
Alle moarnen gongen se mei in jok mei amers op 'e nekke to melken. Sy gongen de reed by de skoalle del.
Op in kear, doe wienen se noch mar in lyts eintsje fuort, doe seach Ate dat der ien flakby op 'e oare kant fan 'e...
nl.verhalenbank.21852
Ek in kear doe wie Jan Hepkes op 'e klaei by in boer yn 't hea.
Dy boer koe net rinne, sa gebrekkich wied er oan 'e fuotten.
"Mar ik joech him in middel", sei Jan.
"De oare simmers krige ik biricht, ik moest wer komme to meanen. En doe kom ik dêr oanfytsen en doe siet my dêr in man achter in hazze oan. De hazze roan om 't hurdste, mar de man helle him yn...
nl.verhalenbank.37416