Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
71 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: lijkstoeten
Bontsje Keke moest der nachts altyd út. Dan wie 't krekt as sieten se him achter. Dan moest er in lykstaesje sjen.
nl.verhalenbank.29558
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. Dy ha 't letter neat to rûm. Dy matte allerhande dingen foarút sjen en 't binne hast altyd minder moaije dingen dy't se sjogge, lyk as bigraffenissen en lykstaesjes. 't Hat hast altyd mei de dea to meitsjen. Hjir yn 'e omkriten hat ek sa'n man west. De stumper moest wit hoe faek fan bêd ôf, altyd by nacht....
nl.verhalenbank.29766
Guon wienen mei de helm geboaren. Sokken moesten alles fan tofoaren sjen. Sa'n man wie greate Sjoerd (Dykstra) fan 'e Achterwei to Sumar. Hy wie koedriuwer en moest der nachts soms ôf om nei in lykstaesje to sjen. Oan deselden dy't achter it lyk oanroannen koed er dan meastal wol birekkenje hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.31505
Guon seagen lykstaesjes fan tofoaren. Dat gebeurde hiel folle. Sokken wienen mei de helm geboaren. Midden op 'e wei rinne by nacht wie gefaerlik. Jy koenen dan tsjin sa'n lykstaesje oprinne. It wie in eigenaerdich forskynsel. Der wie neat en dochs wie 't in bigraffenis. Wienen der twa, en ien dy seach it, dan sei er: Even oan kant, der mat hwat passeare,...
nl.verhalenbank.30430
Bontsje Knjillis wie algemien bikend. Hy wie mei de helm geboaren, dat wist elkenien. Nachts moest er faek út bêd wei om hwat to sjen. Dy't dat hat, kin net lizzen bliuwe. Dat mei nou ienkear net. Op in kear wie Bontsje Knjillis bot fan 'e wize. Doe hied er wol sawn lykstaesjes tagelyk sjoen. Dat wie yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp (novimber 1918).
nl.verhalenbank.29954
Der hat in man by my wenne, dat wie Sytse Rapkes. Dy moest der nachts altyd ôf om nei bigraffenissen to sjen. De lykstaesje moest earst passeard wêze, earder gong er net wer op bêd. Hy wist hast altyd wol hwa't der stjerre soe, mar hy sei it net. Hy wie mei de helm geboaren. Der wienen wol dokters, dy knoeiden de helm wei, dy wienen der hyt op. Dêrtroch...
nl.verhalenbank.22232
Sjoerd Dykstra wie koedriuwer. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. De gewoane minsken koenen dat net sjen. As sa'n helm net forbrând wurdt by de geboarte, dan matte se 't altyd sjen. Forbrânne se de helm, dan net.
nl.verhalenbank.24642
Yn de Pein ha wol guon west, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen fan tofoaren lykstaesjes, mar ik wit der gjin foarbylden fan to neamen.
nl.verhalenbank.31918
Dy't mei de helm geboaren is moat fan alles fan tofoaren sjen. Meast lykstaesjes. Tominsten as se de helm der forkeard ôflûke. Sa'n mantsje hat hjir wenne. Bontsje Keeke neamden se him (= Knjillis Veenstra). Dy koe noait thús bliuwe as hy der út moest. Dan woarde er út it bêd weiraemd. Hwant hy mocht net to let komme. Hy fleach yn in sucht oer de hekken...
nl.verhalenbank.25364
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren, dat wie algemien bikend. Dy seach ek altyd lykstaesjes.
nl.verhalenbank.36047
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
nl.verhalenbank.25496
1