Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Doe't ik as jonge yn Dútslân op 'e minen arbeide, wie dêr ek in sekere Tiense Boomsma. Dy wie mei de helm geboaren. Dy gong nachts fan bêd ôf. Dan seach er lykstaesjes
nl.verhalenbank.21945
Guon wurde mei de helm geboaren. Dy sjogge de lykstaesjes foarút. Ik haw sa'n ien noait kend. "Sy matte it bislist sjen", sizze se. Us mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op in paed."
nl.verhalenbank.35930
Piter de Graaf (sjoch B65-443 en 445) wenne op 'e ein fan 'e Dwarsfeart. Hy wie mei de helm geboaren en moest der gauris nachts ôf. Dan seach er hwat. 't Wienen yn 'e regel lykstaesjes.
nl.verhalenbank.24815
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy wist altyd fan to foaren, as der in bigraffenis komme soe. Hja seach de hiele roustoet fan to foaren. Dat minske wie mei de helm geboaren.
Der wienen ek wol minsken, dy seagen ergens in hûs fan to foaren yn 'e brân. In skoft letter brânde it dan op. Ek hearden guon wol it timmerjen oan in hûs, dat yn werklikheit...
nl.verhalenbank.32247
Guon wurde mei de helm geboaren. Wurdt dy helm op 'e forkearde menier forwidere dan mat sa'n ien letter altyd lykstaesjes sjen. Dy matte der dan nachts faek út.
nl.verhalenbank.29713
Hjir ha wol guon west dy seagen soms nachts in lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren, seinen se.
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men sa'n lykstaesje yn 't paed rinne.
nl.verhalenbank.30054
Alde Jan Doedel (= Mulder) syn frou wenne yn Nyegea. Dy moest der nachts ek altyd ôf om lykstaesjes to sjen. Dy wist altyd fan tofoaren as der ien stjerre soe.
As se de helm fuort opbrânne hoeve se it net to sjen.
nl.verhalenbank.32643
Der wenne in man yn Surhuzum, dat wie Sytse Wijma. Dy koe samar midden yn 'e nacht út bêd wei gean, dan moest er in lykstaesje sjen. Dan roan er altyd midden op 'e wei, mei in sage ûnder 'e earm. Midden op 'e wei koe er it better sjen. Hy roan soms hiele einen yn 'e nacht.
Hy fielde 't oan. 't Kaem altyd út. As hy in lykstaesje sjoen hie duorre 't altyd...
nl.verhalenbank.37088
Yn 'e Harkema en yn Stiensgea ha 'k wol guon kend dy't nachts fan bêd moesten om lykstaesjes to sjen.
Men moest nachts noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.37102
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dat flies moast fuort forneatige wurde, oars seagen se letter lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.31417
Pake hie in kammeraed, dat wie Marten. Dy wenne by de boer. Marten wie mei de helm geboaren. Nachts gong hy der ôf, dan moest er hwat sjen. Dat wienen yn de regel lykstaesjes.
Sa'n helm mei net fornietige wurde.
nl.verhalenbank.22735
By de Triemen is in fytspaed, dêr doarsten guon froeger by nacht nèt lâns, hwant dêr passearden altyd lykstaesjes.
nl.verhalenbank.32254
Minsken dy't mei de helm geboaren binne, sjogge lykstaesjes. Dy't dy eigenskip hat, kin dat noait wer kwyt wurde. Ik haw net sa'n ien kend, mar ik wit wol dat se der binne. Nachts matte hja der út. As der ergens in lykstaesje is - dy't hja dan fan tofoaren sjogge - dan matte se dêrby wêze. Dêrtroch binne se nachts faek warber. Sa'n lykstaesje matte se...
nl.verhalenbank.29674
Us mem fortelde, der wenne in man yn Hijum, dy wie mei de helm geboaren. Hy placht to sizzen: Der komt binnenkoart wer ien op it hôf. Hy hie de hiele lykstaesje lânskommen sjoen. Hy fortelde dan hwa't der allegear achteroan rounen, en hwer't se lâns gongen. 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.30133
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen.
Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?"
"Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten."
It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
Bontsje Keke syn heit wie èk de sawnde fan sawn. Sadwaende wie hy sèls mei de dûbelde helm geboaren. Fan Twizel nei de Swâdde roun in lykpaed. En der roun ek in lykpaed fan Kollumersweach nei de Swâdde. Dy beide lykpaden kamen sahwat op itselde plak by de Swâdde út. Op dy lykpaden wie Bontsje Keke nachts wit hoe faek to finen. Dêr seach er de lykstaesjes....
nl.verhalenbank.29924
Hjir wennen froeger guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen nachts lykstaesjes.
nl.verhalenbank.30454
Der waerd ús froeger altyd foarhâlden: rin noait midden op 'e strjitte, hwant dan kin 't gebeure dat jim tsjin in lykstaesje oanrinne en oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.24810
Bontsje Keke wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Twizeler Heide. Nachts moest hy der út as der lykstaesjes wienen.
Soms woed er net. Mar hy moest. Dan waerd er twongen.
Soms yn 'e ûnderbroek en op bleate fuotten der op út yn 'e nacht. Sa hurd moest er dan. Dan gongen de hekken foar him iepen. Hwant hy moest op tiid wêze.
Hy hat ek de bigraffenis fan syn...
nl.verhalenbank.36839
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen.
Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht.
Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218