Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Guon wurde mei de helm geboaren, dy sjogge letter altyd lykstaesjes. Hja geane nachts faek út bêd wei om der nei to sjen. Tink der om, seinen se froeger tsjin ús, net midden op 'e wei rinne. Oars kinne jim yn 'e sleat smiten wurde.
nl.verhalenbank.36670
Der binne guon, dy wurde mei de helm geboaren. Dy matte lykstaesjes fan tofoaren sjen. Sa'n man ha 'k ek kend to Boarnburgum. Dat wie Hindrik Wybenga. Dy moest der nou en dan nachts út. Dan seach er alle minsken dy't achter 't lyk oan roannen. Dy koed er meast allegear wol en dan wist er meastal èk wol hwa't der stjerre soe. As de lykstaesje der oan kaem...
nl.verhalenbank.36704
Oan 'e Noarderdwarsfeart wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der út as der in lykstaesje to sjen wie by nacht. Die er it net dan lei er to triljen. Hy roan soms hiele einen de mieden yn. Hy woarde dreaun.
nl.verhalenbank.36923
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen.
Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
Douwe Stavasius fan Grinzer Pein seach lykstaesjes.
Boardzer Bruining fan Boelensloane ek. Dy leeft noch.
Men mat noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme, sûnder dat men it sjocht. Dan wurde jo fan 'e wei ôfsmiten.
nl.verhalenbank.25234
Knjillis Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts wit hoe faek ôf en dan roan er soms hiele einen om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24895
Jehannes Tsyske wie mei de helm geboaren. Hy seach bigraffenissen fan tofoaren. Hy kaem der nachts foar út bêd wei. Dan kaem er de lykstaesje tsjin. Hy moest dan oan kant gean.
nl.verhalenbank.37221
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Der waerd ús altyd foar warskôge noait midden op 'e wei to rinnen by nacht fanwege lykstaesjes.
nl.verhalenbank.36707
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht.
Hy...
nl.verhalenbank.22969
Myn skoansuster Katrine wie mei de helm geboaren. Dy moest wit hoe faek nachts út bêd om in lykstaesje to sjen. Dan koe it minske net lizzen bliuwe. Dan hie se it krap. It kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.30389
Myn beppe wie och sa'n gefoelich minske. Hja kaem ris in kear by ús, doe wie se hielendal fan 'e wize. Hja hie hwat sjoen en as hja hwat seach, dan grypte har dat bot oan. Dan hie se gjin rêst mear.
Myn beppe seach wol faker hwat. Dat mòest se sjen. Dat wie sà kaem.
Pake wie in man mei soms nuvere, healwize oanslaggen. Hy wie tsiiskoopman. Hy sutele mei...
nl.verhalenbank.29801
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Wy mochten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't ús oanrame koenen.
nl.verhalenbank.20376
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen.
Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Doe't wy letter yn 'e Houtigehage wennen kom âlde Janke sa nou en dan wol ris út 'e Harkema by ús. Sa hâldden wy omgong mei inoar. As se dan by ús útfanhûze moest se der nachts wolris ôf. Dan moest se hwat sjen, hwant sy wie mei de helm geboaren. Op in kear, doe seach se by ús op it hiem in lykstaesje. Wy wienen doe noch bern. Mar de èchte lykstaesje hat...
nl.verhalenbank.32820
Sytse Rapkes wie mei de helm geboaren. Hy wenne achter yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Deis siet er altyd yn 'e stoel doe't it in âld man wie, mar nachts moest hy der op út, hwant hy wie mei de helm geboaren. Dan switte hy der soms oer, sa seach hy der tsjin oan. Mar hy moest hwat sjen. Dat wienen dan altyd lykstaesjes dy't er to sjen krige.
nl.verhalenbank.20375
Piter de Graaf moest der nachts út. Dan seach er lykstaesjes. Hy koe samar sizze: yn dat en dat hûs giet ien dea.
nl.verhalenbank.24884
Woarde der in bern geboaren mei in helm, dan woarde dy yn 'e measte gefallen fuort opbrând. Mar de dokters knoffelen sa'n helm ek wol us achterút, hwant sy koenen him djûr forkeapje.
Dy't mei de helm geboaren binne, matte alles sjen. Sy geane nachts fan bêd ôf en der út. Dan treffe se lykstaesjes, dy't ûnderweis binne.
nl.verhalenbank.25350
Guon dy't geregeld lykstaesjes sjogge fantofoaren binne, nei't se sizze, mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29487