Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
It is hjir gebeurd dat der op in joun by tsjuster guon lâns it tsjerkhôf gongen. Dy woarden fan 'e iene kant nei de oare smiten. Dat kom fanwege in lykstaesje. Dêr moesten se rûmte foar jaen.
nl.verhalenbank.28837
Foar in lykstaesje mat paed wêze, oars wurdt der paed makke. Dêr is gjin ûntwyk. Alles hwat yn 't paed stiet of rint wurdt oan kant reage.
nl.verhalenbank.37650
To Hurdegaryp is in homeije, dy't alle nachten út himsels iepengiet. Dat hâldt èk forbân mei in lykstaesje.
nl.verhalenbank.37651
Se gongen froeger hjirwei in bulte nei de Grinzer klaei ta to arbeidzjen. Op in kear hie skoanmem ek mei west dêr hinne. Sy kommen op in joun let werom. 't Wie in hiel ein rinnen. Sy roannen op 't spoar, dat wie 't koartste.
Dat gong rjocht op 'e Westerein oan.
Doe't se omtrint oan 'e Westerein ta wienen, doe seach skoanmem twa mannen yn 't swart rinnen,...
nl.verhalenbank.28760
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf.
Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach.
"Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme.
Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de...
nl.verhalenbank.22113
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes.
Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei.
"Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan."
Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean.
Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster.
Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Tusken de Falom en de Breedte roannen us in kear twa feinten. It wienen Wiberen van der Weide en Sjoerd Visser. Sy kommen fan Moarmwâld en de Broek. 't Wie op in joun. Sy woarden samar ûnforwacht fan 'e wei ôfset en kommen yn 'e berm to stean. Der mat in lykstaesje west ha, mar sy hienen neat sjoen.
nl.verhalenbank.28436
Iede Prins wenne hjir yn Twizelerheide. Dy seach lykstaesjes fan minsken dy't noch net stoarn wienen. Mar hja stoaren wol deeglik in skoftsje letter. As er sa'n lykstaesje seach moest er hurd oan kant gean. Hy mòest der hinne om to sjen. Dan nom er it koartste paed, rjochtút.
De oare deis sei er tsjin 'e minsken: "Dêr en dêr komt it lâns." 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.37648
Bontsje Keke wenne by 't spoar. Dy seach èk lykstaesjes. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest soms wit hoefier rinne om de lykstaesje sjen to kinnen. Dan roan er om 't leven. Rjochtút. rjochtoan. Hy steurde him net oan hekken of sleatten. Soms kaem er dweiltrochwiet thús, dan wie er troch sleatten hinnebaeid. De hekken gongen út harsels foar him iepen....
nl.verhalenbank.37649
As der in lyk passeart, dat sjocht men lang altyd net. Mar men fielt it wòl oan jinsels. De minsken wurde dan oan kant reage. Dat is heit en mem ek us in kear oerkom. Soms mat men foar by de lykwein op en der achter wer by del. Fleden jier (1966) is 't noch gebeurd op 'e hege brêge yn Koatstertille. Doe siet ik yn 'e auto. Doe gong der hwat by ús lâns,...
nl.verhalenbank.20094
Oan 'e Hillebrandsreed dêr spoeke it altyd. De iene hie dit der sjoen, in oaren-ien dat, mar in soad minsken doarsten der by joun en by nacht net lâns. Dêr wie ek faek in ljochtsje sjoen woarn. Ek woarden dêr nachts lykstaesjes sjoen.
nl.verhalenbank.27376
Hjir wenne yn Twizelerheide in âld minske, dat wie Minne Ael, dy gong foar in tsjoenster troch. Hja wie nachts faek warber. Hja wenne oan 'e Swâdde. Dy wie sa'n fjouwer meter breed.
Op in kear skelden in pear jonges har út, dy wienen oan 'e oare kant fan 'e Swâdde. Doe die se in pear stappen achterút en sei: "Ik sil jim krije", krekt as soe se in oanloop...
nl.verhalenbank.27375
Us mem fortelde, hja seach wolris in lykstaesje jouns. Dan gong se oan 'e kant stean om der nei to sjen. Bleau se midden op 'e wei stean, sei se, dan soe se oan kant smiten wurde.
nl.verhalenbank.27374