Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd."
"Ja", sei 'k.
Even letter fytste ik wer gewoan.
Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze."
't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei.
Hy fortelde it my, doe't er thúskom.
"Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt."
En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Us mem en dy soenen us in kear nei 't Fean ta. Dêr roannen se hinne. Sy hienen in lytse jonge by har. Doe seagen se ûnderweis in lykstaesje oan 'e oare kant de wei. Dat doogde lang net. Sy binne fuort werom gong.
nl.verhalenbank.22316
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263
Ik haw in dochter wenjen yn Westergeast. Dêr wie ik us. Doe gongen ik en myn dochter togearre dêr op stap nei it café, dêr't de heit en de broer fan myn skoanmem wennen. Doe't wy dêr in skoft sitten hienen wie 't al aerdich let, sahwat alve ûre. Doe soenen wy dan mar wer fuort. Myn dochter sei: "Mem mat my mar yn 'e earm nimme, hwant it is nochal hwat...
nl.verhalenbank.21434
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del.
Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317
Dy't mei de helm geboaren wie, moest alles foarút sjen. Sa'n ien moast nachts faek fan bêd ôf, dan moest er nei in lykstaesje sjen, dy't passearde. Yn dizze buert hat ek sa'n man wenne.
't Is ris in kear gebeurd, dat dy man de nachts wer thús kaem by syn frou, doe hied er in hiel sear plak oan 'e holle. Doe wie er net fier genôch oan kant gong, doe't de...
nl.verhalenbank.29693
Froeger seinen se: "Tink der om, rin noait midden oer 't paed, hwant dan kin 't wolris gebeure datst tsjin in lykstaesje oanrinste."
nl.verhalenbank.32665
Myn frou har pake ried ris op 'e bargewein nei Ljouwert ta yn 'e iere moarn. 't Wie op in freed en 't wie noch tsjuster. Doe frege der ûnderweis ien oft er mei ride mocht en dy kom njonken him to sitten op 'e wein.
Doe't se in eintsje riden hienen sei dyselde: "Wy matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." Pake wie oan kant gien, mar hy...
nl.verhalenbank.32664
Yn 'e Harkema stie in hûske, dêr wenne froeger Jan Hamstra yn. Dy syn wiif dat moest yn 'e kream fan har earste bern.
Sy seach in lykstaesje. Der lei in wite doek achter oer de kiste hinne. Alle minsken dy't achter de kiste oan roannen, koe se wol. 't Wienen lju út har buorren. (buorreplicht!)
Hja is yn 'e kream stoarn. Sy hie har eigen lykstaesje sjoen....
nl.verhalenbank.22318
Alde Rapke wenne to Koartwâld. Hy wie timmerman. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der faek ôf. Dan seach er lykstaesjes.
Ik ha wol gauris heard dat lju dy't midden op 'e wei roannen samar oan kant set woarden, sûnder dat se hwat seagen. Dan passearde der in lykstaesje.
nl.verhalenbank.20685