Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As bern al seinen se tsjin ús: "Noait midden op 'e wei rinne." Dat wie fanwege de lykstaesjes. Men koe us oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.26312
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oprinne dy't men net sjocht.
nl.verhalenbank.37336
Keke wist altyd krekt hoefolle manlju en hoefolle froulju der yn in lykstaesje meirounen.
nl.verhalenbank.29518
Hjir yn Kollumersweach wenne in man, dat wie in sikere Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Hy hat in protte sjoen, dat in oar net seach. Nachts moest hy der faek ôf.
Op in kear wied er mei in kammeraet yn 'e ûngetiid achter Ljouwert. Hy moest der wer ôf om hwat to sjen. Doe tocht syn kammeraet: "Ik wol us mei him." Hy folge him, sûnder dat...
nl.verhalenbank.15778
Keke roan hiele lange einen om by de lykstaesje to kommen. Hy gong dan troch sleatten en alles hinne. Neat koe him keare. Se ha my forteld, dat er soms it einekroas noch yn 't hier sitten hie, as er thús kaem.
nl.verhalenbank.29522
Hjir hat wenne oan 't spoar in sekere Knjillis Veenstra, dy't se Bontsje Knjillis en ek wol Keke neamden.
As der ien siik wie en dy wie min, dan wist Keke fan tofoaren of dy persoan stjerre soe. Hy moest der dan nachts út, dan seach er de bigraffenis fan dy persoan.
Dy en dy stjert ek, sei er dan, en dat kaem altyd út.
Hy wie mei de helm geboaren.
Ien...
nl.verhalenbank.37332
Myn skoanheit wenne by 't Wyldpaed oan 't Heideloantsje.
Op in joune wie 'k der by him. Doe moesten wy oan kant, der kaem in lykstaesje oan. Skoanheit seach him wol, ik net.
nl.verhalenbank.37333
It gebeurde hiel faek dat as guon ûnderweis wienen, der ien sei: "Even oan kant gean, der komt in lykstaesje oan."
Dan seagen de oaren dy lykstaesje net.
nl.verhalenbank.29521
Der woarde ús al hiel jong leard, noait midden op 'e wei to rinnen. Hwant it koe gebeure dat der in lykstaesje oankom en dan woarde men oan kant set.
nl.verhalenbank.22678
Bontsje Keke wie froeger in forwoest man. Hy joech om God noch syn gebot en wie in great spotter. It gong him noait to mâl. Doe't er tusken de fjirtich en fyftich wie, lei er ris op in kear to jirappelsykjen op in stik lân op 'e Sweach, dat oan 'e wei lei.
Doe hie dêr in man west, dy't alles sjen moest.
Keke hie dat doe noch net; dy seach doe noch gjin...
nl.verhalenbank.29515
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne.
En as der in reed oer in stik lân gyng, rounen wy by jountiid oer it gers, net oer de reed, hwant der wie gjin rûmte genôch op sa'n reed om in lykstaesje passeare to kinnen.
nl.verhalenbank.29925
Heit hie in broer, dat wie Sytse Koster. Dy wenne yn 'e Hamsterheide, mar hy arbeide yn Eastemar by Wilko Werumeus Buning. Doe seach er op in kear op 'e Boskwei, dêr't er lâns moest in lykstaesje.
It wie in kreamfrou dy't der stoarn wie, hwant hja hie in wyt kleed oer de kiste hinne. De lykstaesje gong him foarby. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23665
Yn Westergeast wenne in famyljelid fan my, dy seach ek alles fan tofoaren. Hy fortelde altyd hwa't der stjerre soe. Hwant hy seach de hiele lykstaesje. Hy sei dan, sokke hynders komme der foar, en alsa mear.
Doe seinen se us op in kear: "Nou sil 't us net sa gebeure as hy it forteld hat. Wy sille der in oar hynder foar spanne." En dat ha se dien. Mar it...
nl.verhalenbank.25837
Soms binne der lykstaesjes yn 'e nacht, dy sjocht men net.
By de Foarwei wenne Germ Pompomme, sa neamd omdat er stammere. Hy wie âldfeint en 't wie in goed mantsje. Op in joun soed er nei hûs ta, doe waerd er samar fan 'e wei ôf oer in sleat hinne smiten yn in oar syn lân. Dêr mat doe in lykstaesje west ha, dêr't er rûmte foar jaen matten hie.
nl.verhalenbank.25365