Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
It gebeurde oan 'e Nije Wei dat op in nacht de feint by de faem weikom. Mar even letter wie hy der al wer.
En hy wie sa bleek as in deaden.
"Hwat skeelt dy nou?" sei de faem.
Hy sei: "Der is hwat. Ik kom in lange lykstaesje tsjin. Alles wie yn 't swart en der woarde net in stom wurd sein."
nl.verhalenbank.27409
Myn frou hat op ljochtskyndei op 'e Boppewei in lykstaesje sjoen. It wie in spûkbigraffenis. Letter gyng dêr in echte lykstaesje lâns. 't Wie foargedrús.
nl.verhalenbank.30388
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts.
't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster.
Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne.
't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Myn man wie in jonge fan sa'n sawntsjin jier. Der wenne in âld minske yn 'e buert, dy hie twa dochters. Ien fan dy famkes wie ûngelokkich, it minske droech har altyd op 'e rêch.
Op in nacht kom myn man dêr us lâns, doe seach er dêr in lykstaesje. In skoftsje letter stoar dat ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.23519
Op it Langpaed (fan Harkema nei Surhuzum) woarde Jehannes Laanstra mei fyts en al oer de sleat set.
It Langpaed wie fan âlds in lykpaed. De lju woenen wol ha dat der doe in lykstaesje west hie.
nl.verhalenbank.23914
Alde Janke Koaning (= Kootstra) wie ús buorfrou. Op in kear sei se tsjin mem - doe wennen wy noch yn 'e Harkema -:
"It komt net goed mei jimme Minne (Minne wie myn broer), hwant ik haw in lykstaesje by jimme sjoen."
Hja krige gelyk, ús Minne kom to forstjerren.
nl.verhalenbank.32819
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
Der kom us in keppeltsje froulju fan 't wjudderslân. Dêr wie ek in âld minske by, dy roan hwat foaroer. Sy gongen in reed del en doe woarde dat âld minske samar ynienen oan kant treaun, sûnder dat ien fan 'e oaren har oanrekke. Sy kom ta fallen.
De oaren seinen: "Hoe is 't nou?"
"Och ja," sei 't âldwyfke, "dêr wie in lykstaesje."
"Hea," seinen de...
nl.verhalenbank.21656
Moeke woonde in Hantumer Uutbuurt. Daar had se forkering met in fint. Op in avond kuijeren se togearre. Doe moesten se in weg passeare. Doe sei hy teugen Moeke: "Wacht even Tryn, ik mat even oer de sleat."
Doe sei Moeke: "Wat is dat met dy?"
Doe sei hy: "Der giet in lykstaesje foarby."
Moeke sei niks. Doe sei se: "It is sa't is, jonge, ik meitsje 't út."...
nl.verhalenbank.32616
Ien dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Hy mat der nachts wol us út om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.23045
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy moesten fan to foaren bigraffenissen sjen. De needsaek twong har ta 't bêd út. Sa'n man wie Knjillis Veenstra fan Twizelerheide. Hy wenne by 't spoar.
nl.verhalenbank.33524
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
nl.verhalenbank.26115
Der kom us in feint by de froulju wei yn 'e Westerein. It wie stil op 'e wei en der wie neat to hearren of to sjen. Mar doe stied er samar ynienen midden yn 't folk. Dy minsken roannen him allegear stadich foarby, sûnder dat se ien wurd seinen. 't Wie midden yn 'e nacht.
In dei of hwat letter stoar der ien by Klaes Pink (= Kl. Lulofs). Dat waerd de...
nl.verhalenbank.17479
Us heit hat faek forteld fan lju dy't ûnderweis wienen mei oaren yn 'e nacht en dat der dan ien sei: Even oan kant gean. Der mat in lykstaesje passeare. Sûnder dat de oaren it seagen.
nl.verhalenbank.29583
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: In minske mat om 12 ûre yn 'e nacht noait midden op 'e wei gean hwant dan kin er tsjin in lykstaesje oprinne.
Hy wist altyd krekt fan tofoaren hwannear't der wer in bigraffenis wêze soe. 't Kom altyd út. Hy krige der altyd tynge fan, sa't it liket.
nl.verhalenbank.33054
Alde Rapke Wijma fan Surhuzum wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen, oan 'e lêste ûre fan syn libben ta. De lêste nacht noch, - doe koed er op syn fuotten net mear stean - is er út bêd weiklaud om hwat to sjen. Yn 'e gong is er yn elkoar sakke.
Hy makke soms hiele reizen yn 'e nacht, wolris oan Eastemar ta. Rounom gong er hinne. En 't kom altyd...
nl.verhalenbank.23521
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei.
Hy fortelde it my, doe't er thúskom.
"Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt."
En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444
As men yn 'e nacht midden op 'e wei rint, wurdt men soms oan kant treaun troch in lykstaesje, dy't passeare mat.
Sa'n lykstaesje sjogge jo net.
nl.verhalenbank.22993
Rinne jo yn 'e nacht midden op 'e wei, dan kinne jo oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.27169