Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben.
Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Op 'e Godleas Singel is 't gebeurd dat dêr op in joune let in man lâns kom, dy hie jild ophelle. Hy hie de sek mei jild op 'e rêch, hwant papierjild hienen se froeger net.
Der wienen in pear keardels dy wachten him op, dy hienen it op syn jild forsjoen. Hja hienen him noch net sjoen, mar dy man mei jild hie hàr wòl sjoen. Der lei in skou oan 'e kant fan...
nl.verhalenbank.37967
De tsjoensters bitsjoenden meastal bern. Dan kommen der krânsen yn 't kessen, dêr't it bern mei de holle op lei.
Dan gongen se nei Wopke ta en dy joech in drankje mei foar 't bern. Dêr mochten gjin egen oer gean.
De krânsen woarden forbarnd.
nl.verhalenbank.38176
Op 'e Hoek, by de wei nei de Hoekswâl wennen mem en dy.
De buorfrou wie siik en lei op bêd.
Doe hearde mem op in joun klopjen. Mar der wie net ien. Doch hie mem it klopjen dúdlik heard.
De oare jouns waerd der wèr kloppe. Mar doe wie 't wòl echt.
"Hwa is der?" sei mem.
Doe wie 't Sibe, de buorman. Hy kaem to sizzen, dat syn frou overleden wie.
nl.verhalenbank.38193
Heit fortelde, hy hie ris op in joun nei Feanwâldsterhoek ta west to praten. Doe gong er werom op hûs yn. Dat wie hjir op 'e Wâl. Doe kom der him in grouwe houn achterop, dy koed er net kwyt wurde.
Doe't er oan syn hûs ta wie gong de houn foar de doar sitten. Doe doarst heit net ta de doar yn. Hy roan dêrom in eintsje fierder. Der stie in linebeam foar...
nl.verhalenbank.38037
Op in nacht, doe't ik op bêd lei seach ik allegear hege huzen.
De oare deis krige myn broer in ûngelok en moest nei 't sikenhûs ta yn 'e stêd.
As jo yn in droom hege huzen sjogge, mat der altyd ien út 'e húshâlding nei 't sikenhûs ta.
nl.verhalenbank.38195
Ergens yn Fryslân stie in slot. De hear en de frou wienen fuort. Allinne de faem wie thúsbleaun mei de âld túnman. Dy moesten togearre op it slot passe.
Dêr kaem in keardel mei in great pak op 'e rêch. Dêr hie er handelswaer yn, sei er, en hy frege de faem of dat pak dêr dy nachts wol op it slot bliuwe mocht, wylst hy nei it doarp ta gong.
Dêr hie dy faem...
nl.verhalenbank.37950
Froeger hiene je hjir in feanterije. Der wienen guon, dy feanten hjir. Dan leveren se turf oan 'e omlizzende plakken. En dan moesten se de sinten dêr wei helje, dy't se dêr foar barre koenen. Se bitellen yn dy tiid net mei papierjild, mar mei ryksdaelders.
Sa hie âlde Willem-om ris op in kear nei Dokkum ta west om jild foar de turf op to heljen. Hy wie op...
nl.verhalenbank.38040