Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
By de Slotsingel fan Aldegea op 'e souder fan 't slot lei in hiele protte jild. Dat is letter by sekfollen op boereweinen fuortriden. As men dat jild sjen woe, moast men in skelling jaen. Dy smiet de hear dan by it oare jild en sa waerd de hoop almar greater.
nl.verhalenbank.11508
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe.
De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús.
Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte.
Nou, dat koe wol.
Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Sy ha pake ek us bang meitsje wold doe kom er op in joune let de Sumarre Achterwei del. Dat wienen twa maten dy 't dat dienen, mar gjin fan pake syn folk. Dy wienen oan 'e kant fan 'e wei lizzen gong mei in âld jas oer har hinne en doe wie 't krekt as lei der in âld hynder yn 'e berm.
Doe 't pake dat seach, sei er: "Och, heden, hjir leit in âld hynder!"...
nl.verhalenbank.17574
Der wie in âlde mefrou, dy wie op in joun allinne thús. It famke, dat by har ynwenne, wie foar har to boadskipjen. Tafallich woarde se ynienen it skaed fan in hân gewaer fan ien dy't ûnder 'e kast lei. It âld minske waerd o sa kjel, mar sy liet neat skine. Sy tochte: "Ik mat my rêstich hâlde. Hjir leit in keardel ûnder 'e kast en dy wol hjir aenst...
nl.verhalenbank.19576
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen.
Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
As der in selskip by elkoar sit, en sy wolle in flesse drank ha, dan moatte se skoppenboer fuortsjûre. Sy matte skoppenboer oan 'e flesse bine en dan de flesse bûten de doar sette, mar de doar op in kier hâlde. Se matte ôfprate, hwa't de flesse oannimme sil.
Op in kear sieten der guon by elkoar yn 'e keamer. De âld boer lei siik yn 't bêdsté. Doe setten...
nl.verhalenbank.11567