Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja hawwe altyd jild.
Der wie in man, dy wie ek frijmetseler. Dy moest jild brûke. Doe hong er in koer oan 'e hoannebalke, dy soe de duvel folsmite. Mar dy man hie sa goochum west, dy hie earst de boaijem ûnder 'e koer weislein. Doe bigoun de duvel to smiten. Der kaem in hiele bult jild oer de skuorre to lizzen en de koer...
nl.verhalenbank.30406
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Mar dan is de siele nei de kelder. Dy't ienkear frijmitselder is mat it bliuwe. Wolle jo by de frijmitselers wei, dan wurde jo op de iene of oare wize fan kant makke.
nl.verhalenbank.25197
De frijmitselers ha gjin finsters yn 'e gebouwen, dêr't se yn by elkoar komme. Sy wurde der blyndoeke yn brocht en sy matte der ek wer blyndoeke út.
Sy wite noait mei hwa't se handele ha.
Fan sinten ha se noait forlet, de iene helpt de oare. En oars de duvel wol.
As jo ienkear frijmitseler binne matte jo it jou hiele leven bliuwe. Jo kinne der net wer by...
nl.verhalenbank.25434
Der wennen frijmetselers yn Stadskanael en omkriten.
Dêr wienen dikke boeren ûnder. Frijmetselers matte om 'e sawn jier ien dea dwaen. Der wurdt om lotte hwa't dat dwaen mat. Gebeurt dat net dan mat dyselde sels stjerre.
Sy ha in forboun mei de kweade. Fan jild ha se noait forlet. Dat is skoan to sjen, hwant it binne allegear rike lju.
Dy't ienkear...
nl.verhalenbank.22207
De frijmitselders hawwe in wûnderdaelder. Dêrtroch ha se altyd wol sinten om hannen. Men kin har ek net deasjitte; se binne kûgelfrij. Elk jier mat der ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze sil. Dokter van Stapelen fan Grou wie ek frijmitselder. Dy hat himsels forjown, doe't it lot him trof dat er stjerre moest. Dy't ienkear by de frijmitselers is...
nl.verhalenbank.31324
Minsken dy't kûgelfrij binne, dy wurde yn 'e oarloch net deasketten. Frijmetselers binne ek kûgelfrij.
Ek deselden, dy't mei de helm geboaren binne.
Guon wolle graech sa'n helm ha, hwant sa'n helm biskermt har tsjin gefaren. Se wurde net deasketten en op sé forgiet it skip net, dêr't sy op farre.
Frijmitselers krije jild fan 'e duvel. Sy ha noait...
nl.verhalenbank.24305
De frijmitselders ha yn Grins in hûs, dat is hielendal yn kleare turf opset. Se forkeapje har oan 'e duvel.
By har thús ha se in lears hingjen, dêr mist de soale út. Dêr smyt de duvel nou en dan jild troch.
Sy ha ek in wikseldaelder, om dy to krijen matte se trije kear om 'e tsjerke hinne rinne mei in swarte kat. Dan krije se fan 'e duvel in ryksdaelder....
nl.verhalenbank.25393
Fan 'e frijmitselers mat der om 'e sawn jier ien dea. Der wurdt om lotte hwa't dat is. Men kin der noait wer by wei. As men der persé wer by wei wol, dan mat men in hiele protte jild jaen.
nl.verhalenbank.25242
Frijmitselders binne kûgelfrij. Twa dagen foar har dea stiet der al in adfortinsje yn 'e krante dat se stoarn binne.
Om 'e sawn jier mat der ien dea. Stjert der yn dy tiid net ien, dan wiist it lot oan hwa't der dea mat. Dy mat him dan sels dea meitsje.
Ien dy't lid is, kin net wer by de frijmitselders wei.
nl.verhalenbank.22049
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja binne foar altyd oan 'e duvel forkocht. Dy krijt letter har siele, as se dea binne. Hja sitte altyd oan 'e duvel fêst. Ienkear frijmetseler, altyd frijmetseler. Hja krije in wikseldaelder fan 'e duvel. Is it sa dat se mear jild brûke matte, dan hingje se jouns in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is dy...
nl.verhalenbank.29724
In frijmitseler moat, as er by de frijmitselerij komt, earst in nacht yn 'e deakiste sliepe.
Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.25240
Frijmetselers binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e frijmetselders dea. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Dy't it lot treft, wurdt fan kant makke.
Hja ha altyd wol jild. As it op is, hingje se foar de nacht in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar.
De oare moarns is er fol jild. Dy't...
nl.verhalenbank.29682
Lytse Remmelt de Haan, dy't meastal Pints neamd waerd, wie in frijmitseler. Hy joech altyd mar twa fingers as er ien lokwinske. Hy hie in kontrakt mei de duvel sluten, seinen se en hie dêrtroch noait gebrek oan jild.
As der in frijmitseler yn 'e earmoed rekket, wurdt er altyd troch oaren holpen. Men kin der net wer by wei, as men ien kear lid is. Der...
nl.verhalenbank.31613
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten, dat se mei har eigen bloed ûndertekenje.
Wolle jo der by wei, dan matte jo wer jou eigen hantekening mei bloed sette, mar binne jo der út, dan binne jo ek dea. Bihalve as jo se forifelje en jo sette de hantekening mei it bloed fan in geit of sa. As jo jou namme set ha, matte jo der achterstofoar út gean....
nl.verhalenbank.24829
Frijmitselders sieten ûnder diktatuer fan 'e kweade. Dy't it ienkear wie siet der oan fêst. In frijmitselder hat net in eigen wil. Guon matte it paed romje. Dat wiist it lot út.
nl.verhalenbank.32290
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait gebrek oan jild, mar om 'e sawn jier mat der ien fan har dea.
Der wie in frou, dy wie mei sa'n frijmitselder troud. Sy woe him by de frijmitselderij wei ha en sy gong nei it gebou fan 'e frijmitselders ta.
Dêr moest se mei in priem troch in hart hinne stekke. Dat wie it hart fan har man.
Doe't se...
nl.verhalenbank.20532
Dy't by de frijmitselers wie koe der noait wer by wei.
Yn Snits hienen de frijmitselers in tsjerke ûnder 'e groun. As se der by wei woenen waerden se op in stikume wize deamakke. Om 'e sawn jier moest der ien fan harren dea.
De gewoane minsken wisten noait hwa't der by wienen.
Fan sinten ha se noait forlet. Mar sy binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.25072
Dy't lid wurdt fan 'e frijmetselaers kriget noait wer forlet fan jild. De iene krijt in skaef, de oare in troffel, wer in oaren in hammer. Dy't ien kear lid is mat altyd lid bliuwe. Jo kinne der net wer by wei. Om de safolle jier mat der ien dea.
Se jowe noait de hiele hân, altyd ien of twa fingers.
nl.verhalenbank.31950
Frijmitselers ha altyd sinten. Sy meitsje ek noait har wurk ôf. Wessel de Bruin fan Bûtenpostermieden wie in frijmitselder. Dy makke syn hûs ek noait ôf.
Dy't ienkear frijmitseler is mat it altyd bliuwe.
nl.verhalenbank.22960
Ik wenne by 't spoar op in spultsje. Njonken my wennen minsken dy hienen in âld man by har yn 'e hûs. Dy âld man wie frijmitseler. As er mei ien fûstke stuts er mar twa fingers út.
Frijmitselers matte har persé oan bipaelde rigels hâlde. Dogge se dat, dan ha se noait gebrek oan jild.
Der waerd sein, dat de frijmitselers byelkoar kamen yn Ljouwert, yn 'e...
nl.verhalenbank.30141