Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: licht Narrator Gender: male Place of Narration: Opende
Myn swager en ik gongen us om in sekfol baelders út. Doe rêstten wy even ûnderweis. 't Wie op in joun en al moai-let. Wy sieten op in plak, dêr't tichte by ús heit letter syn wentsje krigen hat. Mar dat wisten wy doe noch net. Mar doe seagen wy der in read ljochtsje. Krekt op datselde plak kom letter heit syn wentsje to stean. Der siet in rútsje yn mei...
nl.verhalenbank.26918
Der hat in greate roversbinde west by de Puntpeal. Der wie doe in eksteur, dy siet wakker achter dy mannen oan, mar hy koe se noait attrapearje. Mei oare plysjes lei er to oppassen by de keet fan 'e rovers. Dêr brânde in tútlampe, en sy seagen dat de rovers op bêd gongen. En dochs waerd der sa'n nacht wer ynbrutsen. Dat kom, dy rovers hienen fan binnen út...
nl.verhalenbank.27618
Ik wie ris mei Bouke Schievink fan 'e Harkema oan 't murdzjen by Hilversum. Wy hienen de hounen by ús. Ynienen komt der in auto op ús ta, mei de koplampen op. Wy hurd fan 'e fyts om ús hounen to pakken. Fuort is 't ljocht. Gjin auto en gjin motor mear. Neat to sjen by de hiele lange feart lâns. Nou freegje ik jo: hwat hat soks west?
nl.verhalenbank.25973
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes. Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
nl.verhalenbank.32298
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen. Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
Geart Zijlstra wenne oan 'e Fryske dyk ûnder Greategast tusken de Mieden en Strobos. Dy seach op in joun in hiele streek ljochten fleanen by de kym lâns. Hy wist net hwat dat wie. 't Wie allegearre ljocht. Letter kom dêr de spoarlyn lâns.
nl.verhalenbank.25707
Doe't ik in jonkje wie, seagen se hjir draeiljochten by joun. Doe wie der noch gjin tram. Letter wienen 't de ljochten fan 'e tram. 't Hat foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.26783
Myn bruorren stienen us op in joun op to passen by in bakkerskarre wylst de bakker by ús yn 'e hûs wie. Wylst se dêr stienen seagen se klear trije ljochten op in rige. Doe't se dat seagen binne se by de kedde weigong en útnaeid. Se stienen op 'e Drachtster wei. It wienen de ljochten fan 'e earste trije huzen fan 'e Juliana-buert, dy't se sjoen hienen: de...
nl.verhalenbank.27165
Myn mem en ien fan myn bruorren kommen us op in joun togearre thús. 't Wie yn 'e hjerst. Der brânde ljocht by ús achter hûs. Doe't se op 't hiem stienen hie 't ljocht him forplaatst. Doe wie 't in lyt eintsje fierder. Dêr, op dat plak is letter in nij hûs kom, en wy sels krigen in nij achterhús.
nl.verhalenbank.27164
Oan 'e Skieding wie froeger in wylde lantearne. Op it plak dêr't er stean bleau is letter, nei safolle tiid, in hûs kom to stean. De minsken seinen doe al dat dat letter gebeure soe.
nl.verhalenbank.27992
Heit en dy's twadde jonge, ús Foppe, dy raesde alle jounen. Dan krige er pine. Doe krige er in naffelbreuk. Dokter sei, dêr moest in naffelbân omhinne. Wy hienen in buorwiif, dy koe dat wol dwaen. Mar dat buorwiif hienen se it net op bigrepen. Sy kom net earder as dat de lampe brânde. Op in kear dienen heit en mem alle blinen ticht, dat der gjin ljocht...
nl.verhalenbank.27174
Op it plak dêr't nou Sipke Alberts wennet, dêr seagen se froeger in wylde lantearne. Alle jounen seagen se dêr ljochtsjes. Letter is dêr in hûs boud woarn. 't Is hjir tichteby.
nl.verhalenbank.26900
Ik brocht us op in joun om sahwat healwei alven hinne in hynder nei 't lân. Doe seach ik in wylde lantearne skeef oer 't lân. Dy lantearne bleau stean by Wolter de Vries. Doe sette er ôf en bleau stean op in plak, dat wie wit hoe fier fan my ôf. Op dat plak kom in skoalle to stean en by Wolter de Vries woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.27163
De tram is hjir kom yn 1911. Mar fiif jier earder seach myn swager de ljochten al. By Likele Pama - tichte by de Wilhelmina-hoeve - wie in wissel. Dêr seach hy de tram doe al rikjen. Hindrik de Jong hiet myn swager.
nl.verhalenbank.25990
35