Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: licht Place of Narration: Garyp
Op 'e Houtsjepaden yn 'e Sumarreheide wienen froeger us in pear murdejagers. 't Wie yn 'e nacht. Doe't se by in wâl wienen, tochten se: "Hea, dêr is noch in ljocht." Sy woenen der hinne, mar sy koenen noait by dat ljocht komme. Sy prebearren 't fan alle kanten, mar sy bleauwen wol fjouwer kampen fan dat ljocht ôf. Ien fan dy murdejagers, dat wie Binne...
nl.verhalenbank.23040
Doe't ús heit en mem noch net sa lang troud wienen, leinen se us op in nacht op bêd en doe woarden se wekker fan in gewéklaech en in gekjirm by har yn 'e keamer. Sy slepten yn 't bêdsté. Dat gewéklaech gong hinne en wer. Dan wie 't hwat tichterby, dan wer hwat fierderôf. Sy gongen der ôf en dienen 't ljocht op, mar der wie neat to sjen. Letter kom beppe...
nl.verhalenbank.23091
In man út Sumar, dy't nei Grins west hie foar ûndersyk yn it jier 1887 kom op it Barndelân by de Nije Wei in hiel great munster to sjen mei gleone egen. It wie stil waer, mar it sûze en bearde dêr as stie der in stoarm. Letter, om 1893, 94 hinne is dêr it tramstasjon boud, en doe wist er, dat it de foarboade fan 'e tram west hie, dy't stoom út 'e masine...
nl.verhalenbank.21794
Op 'e Gariper wei fan 'e Tramwei nei de hoeke ta roan froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek seach men wylde lantearnens yn dy buert.
nl.verhalenbank.21781
Der wennen hjir minsken dy seagen de tram fan Feanwâlden nei Drachten fier fan tofoaren al, foardat er noch ried. Dan wienen der ljochten skean oer de heide. It wienen letter deselde ljochten.
nl.verhalenbank.22698
Antsje wenne to Sigerswâld ûnder Garyp yn in lyts húske njonken de koaipleats. Antsje fortelde: As ik op bêd liz, sjoch ik allegear ljochtsjes, twa rigen, de kant út nei Ljouwert en de kant út nei Earnewâld. Hja hat it goed sjoen. Letter kaem dêr de snelwei fan Drachten nei Ljouwert en de wei nei Earnewâld, dêr't de auto's lâns stouden, mei jouns de...
nl.verhalenbank.31623
Inkelden yn Sumarreheide ha de ljochtsjes fan 'e tram al fier fan tofoaren sjoen, foardat de tram der wie.
nl.verhalenbank.21339
Ien fan Garyp ried yn 'e twintiger jierren op in joun de Brandsma's loane del. Hy hie in tige bêste karbidlantearne op 'e fyts, dy't wol fjouwer telefoanpeallen fier ljocht joech. Doe seach er tige dúdlik oan 'e kant fan 'e wei in pearke rinnen. Hy stapte fan 'e fyts om better to sjen. Doe wie der net ien. Ek fytste dyselde us nei Sumarreheide ta. Hy wie...
nl.verhalenbank.20317
Der wienen froeger klynpôllen yn 'e Wierren ûnder Aldegea. Dêr baggeren se wol. Beppe hat dêr ek wol baggere. By 't hjerst bleauwen dêr wolris baelders sitten. Op in winterdei doe't it tige krap wie, soenen mem en ús buorman dêr us in kear togearre hinne om in sekfol turf. It wie ljochtmoanne waer. Doe't se der hast oan ta wienen, kom der in read...
nl.verhalenbank.20244
1