Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hy hat ek ûnder tsjinst west yn Den Helder. Dêr hie er in great hekel oan, hy woe graech wer nei hûs ta. By de kaserne lei in anker fan 1400 poun. Dat hat er dêr in ein fan 'e groun tild. Doe't er 't wer delsette wienen de soallen him ûnder 'e skuon wei gong. Hy frege doe of er frij mocht fan 'e tsjinst, dan soe er dat anker om 'e hiele kaserne...
nl.verhalenbank.32238
As ien tige sterk wie, dan plichte er to sizzen: Ik bin famylje fan Sterke Hearke. Dat wie in bikend sechje.
nl.verhalenbank.21899
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kommen der in pear mannen oan dy bleauwen by him stean to praten. Sy woenen wite, hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke stie even stil. Doe heakke er de hynders út, krige de sturt fan 'e ploech beet en tilde de hiele ploege op en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege it hûs oan.
nl.verhalenbank.24375
Hjir op 'e Loane wenne in sekere Halbe Scheper. Piter moest omke tsjin him sizze. Syn hûs stiet der nòch. Pyt v.d. Wyk wennet der yn. Halbe hie froeger in moalsaekje. En hy hie ek petroalje to keap.
Hy hie in kedde foar de wein. Dêr brocht er it moal mei bylâns. Halbe sette dan hwat sekjes moal op 'e wein. Ek it platte kroadtsje gong altyd mei. Hy hie...
nl.verhalenbank.25100
Achter 't hûs hie Halbe Scheper in hokje to stean, dêr hie er de petroaljefetten yn.
Op in kear is er yn 't hok mei de lantearne by him. Hy sil hwat oalje yn in bus dwaen.
Der leinen twa fetten. 't Iene wie fol, 't oare wie er mei oan 't pompen.
De lantearne falt om en der ûntstiet brân.
Halbe pakt earst it iene fet dat oandien is en smyt it ta de doar...
nl.verhalenbank.25101
Op in kear bistelt Wytse by de weinmakker op 't Fean in nije platte kroade foar trije ryksdaelders.
"Is dy sterk genôch?" seit er tsjin Sipke (de weinmakker).
"Dêr stean 'k foar yn", seit dy.
"Dan tref ik it," sei Wytse, "ik mat hwat stien brûke."
Hy giet oer de wei nei Jan Schuilinga.
"Ik mat twahûndert stiennen ha."
"Hoe woenen jo dy thús krije?"
"Ik ha...
nl.verhalenbank.25103
Yn 'e Surhúster Mieden wenne sterke Harm.
Wy wienen oan 't klaeimodderfarren yn 'e Surhústerfeanster feart. Doe rekken wy mei 't skipke op in damke en wy koenen der net wer wei komme. Wy sieten fêst.
Doe kom sterke Harm dêr by.
"Ik sil jim helpe", sei er. "Jim yn 'e line en ik triuwe."
Wy hâldden de line stiif, mar wy lutsen net. Wy seinen tsjin elkoar:...
nl.verhalenbank.25513
Us heit hat wol mei Sterke Hearke arbeide.
Op in kear doe wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kom der in keardel oan. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke? Dêr wol 'k mei prate."
Hearke hie 't hynder foar de ploege wei dien. Doe hied er de ploech optild mei ien hân en hy hie der mei wiisd.
"Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
De keardel wie...
nl.verhalenbank.25512
Dikke Wytse wenne op 'e Trije Roede. It hûs stiet der noch. Syn namme wie Wytse Landheer. Op in dei yn 'e hjerst wie er oan 't jirpeldollen. De jirpels kommen fuort op 'e wein.
Der bleau nachts net in jirpel op 't lân lizzen fanwege dieverij. Doe't Wytse de wein fol hie, koe 't hynder it net lûke.
Syn soan Jan hied er by him.
Wytse en Jan skouwe togearre...
nl.verhalenbank.25102
Greate Anders wie myn pake. Op in kear sieten de jonges by him ta de sânrapen. Dat wie fansels neat om dy pear rapen, mar sy forniele faek mear as dat se opite.
Hy kriget ien fan dy jonges topakken. It is in soan fan âlde Jan Koops van der Velde. Dêr komt syn wyfke, Hinke, oanrinnen. Hy mat dy jonge loslitte, seit se. Sy sil wol op har eigen jonge passe....
nl.verhalenbank.25106
Op it Bomkleaster by de Kloostermannen wienen se oan 't dong opladen út it skerngat wei. Der stienen twa hynders foar de wein. De hyns soenen 't der útlûke, mar doe rekken de stringen stikken en ien sile gong stikken. De hyns koenen de dong der net weikrije.
Doe wie Hearke der oan kom. "Hwat spektakel ha jim dêr?" hied er frege.
De boer sei: "De bliksemse...
nl.verhalenbank.25099
Sterke Hearke wenne yn de Ham oan 'e Lytse Wei. Op in kear wie er oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege of hy ek wiste hwer't de sterke man wenne.
"Hwa bidoele jo?" frege Hearke.
"Ik bidoel Sterke Hearke", sei er. "Ik woe dy man wolris sjen en wite hwer't er wenne."
Doe hie Hearke de ploech opnom by de sturt.
"Sjoch, dêr wennet er," hied er...
nl.verhalenbank.25098
Tsjin 'e maitiid wie er oan 't skrobbermeitsjen. Hy kom by twa mannen. Dêr stie in âld duveltsje (kachel) oer de flier. "Hwannear sil dy kachel fan jimme der ris út?" sei er.
"Hy is hast oan ein," sizze de mannen, "hy mat der yn 't koart mar út."
Jan sei: "Dan kin der ek neat oan biskadige wurde."
Hy slacht de kachel mei de fûst mei pipe en al oan...
nl.verhalenbank.25105
Syn soan Jan wie ek ôfgryslike sterk. Dy woarde fan al it swiere tillen miswoechsen.
By de klompmakker koft Jan Landheer in pear nije klompen. Hy paste se. "Binne se goed sterk?" sei er. Doe die er ien oan 'e fuotten en sloech der mei de fûst op. De klomp spjalte fuort midstwa.
nl.verhalenbank.25104
Heit syn heit dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in beam en hy wie sa sterk as in hynder. Hy wenne op 'e Boelensloane. Hy hie in wyfke, dat wie Aeltsje, in ding fan niks. Dêr wie er deabinaud foar. As se in bytsje ûngenoegen hienen, dan wie beppe lulk op him en mocht er net op bêd. Dan siet er op 'e plaet en song himsels yn 'e sliep.
As er oan...
nl.verhalenbank.24452
Op 't Bomkleaster mat er boerearbeider west ha. Dêr hat er pûrallinne in weinfol dong ta 't skerngat útlutsen, doe't de hynders it net rêdde koenen.
nl.verhalenbank.32237
Op in kear wie er oan 't ploeijen. Doe kamen der twa man fan 't Bildt by him. Dy fregen him: "Hwer wennet hjir eins Sterke Hearke?" Doe spande Hearke de hynders út en tilde de ploech op. Dêr wiisde er mei nei syn hûs en sei: "Dêr wennet Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.32236
Myn pake (ús heit syn heit) hat Sterke Hearke noch kend. Pake wie in hiel plat keardeltsje, hy koe tige wrakselje. Hy woe Hearke graech ris sjen. Sterke Hearke wenne op in spultsje oan 'e Lytse Wei. Mei noch in pear fan syn maten sette pake dêrhinne. Se makken hwat lawaei by de doar. Griet, syn wiif, sei: "Der binne guon by ús by de doar." Mar Hearke wie...
nl.verhalenbank.32234
Botte flitich wie Hearke net. Dêr wie in reiddekker by Hearke oan 't wurk, dy dekte dêr de skuorre. Hy woe wol dat Hearke him hwat hantlange koe, mar dêr hie Hearke gjin nocht oan.
Der wie in poel in eintsje achterút en der lei in jarrebak yn. Doe't de reiddekker yn 't hûs gong to kofjedrinken, gong Hearke stil nei de poel ta en gong yn 'e jarrebak...
nl.verhalenbank.32235
Piter Scheper wie ek o sa sterk. Hy hat in protte holpen.
Hy wie hwat mear as rjocht hinne en wer.
nl.verhalenbank.24457