Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe wienen der guon, dy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er." En doe tilde er syn ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.22835
As ien tige sterk wie, dan seinen se: "Dû bist in sterke Hearke, hear!"
nl.verhalenbank.32788
It forhael fan Sterke Hearke, dy't de ploege mei ien hân optilt en rjocht foar him hâldt.
nl.verhalenbank.22166
Sterke Hearke koe in greate izeren heak fan in hael boppe de fjûrpot, dy't krûm wie, samar rjocht bûge. Hearke wenne oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham.
nl.verhalenbank.24338
It gebeurde dat der in foer hea op 'e wein forkeard yn 'e skuorre stie. Doe gyng Hearke ûnder 'e wein stean, sette de rêch ûnder 't foer hea en tilde 't op it plak dêr't it stean moest.
nl.verhalenbank.22167
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. In man woe wite, hwer't er wenne. Dy kaem by him op 't boulân en frege him. Doe tilde Hearke de ploege omheech en wiisde syn hûs dêr mei oan. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30100
Sterke Hearke syn âlden hienen it o sa earmoedich.
Hja moesten soms fan kleare earmoed brannuddels ite. Hearke wie o sa sterk. Der wie ris ien by him kaem, wylst er op it lân oan 't ploeijen wie. Dyselde hie him frege hwer't er wenne. Doe hie Hearke mei ien hân de ploege optild en it hûs oanwiisd, dat yn 'e fierte to sjen wie.
nl.verhalenbank.29692
Greate Pier wie us in kear oan 't ploegjen.
Doe hie der ien west, dy hie him frege: "Kinne jo ek sizze hwer't Greate Pier wennet?"
Doe hied er in ploege yn 'e hân krige en dêrmei wiisde er syn hûs oan en doe sei er: "Dêr wennet er, en dit is de man sels."
nl.verhalenbank.22853
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Hy wie op in kear op it lân oan it ploeijen. Doe kom dêr in man by him, dy frege: "Witte jo hwer't Pier wennet?" Pier antwurde: "Sjoch, dêr wennet er." Wylst tilde er de ploege op en wiisde dêrmei syn hûs oan.
nl.verhalenbank.31392
Der hat in âld man yn 'e Houtigehage wenne: greate Anders, dy wie o sa sterk. Hy wenne oan in âld modderreed. Hy lei samar trije sekfollen ierpels op 'e nekke en dy sjoude er fuort.
nl.verhalenbank.24415
Der kommen ris guon, dy moesten by Sterke Hearke wêze. Tafallich fregen se him doe't er op it lân oan 't ploeijen wie. Se wisten net dat hy it sels wie.
"Hwer wennet Hearke?" fregen se.
"Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploech beet en tilde him op en wiisde der mei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.31798
Der moest us in kear by Bindert Japiks op it Kleaster in foer stront út it skerngat weilutsen wurde. Twa hynders koenen it net dwaen. Doe is Sterke Hearke foar de wein stean gong by 't tiksel en dy hat him der pûr-allinne útlutsen.
(ek it forhael mei de ploege forteld)
nl.verhalenbank.22281
Sterke Hearke krige samar de ploege yn 'e hân en dy stuts er rjochtút. Sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.24635
Us pake wie Jelle Kalsbeek. Hy wie ôfkomstich fan Aldeboarn. Dêr wied er bierbrouwer. De man wie ôfgryslike sterk. Op in kear hâldde er in weddenskip mei oaren. Der soe útmakke wurde, hwa't it sterkst wie, hy of syn hynder.
It hynder stie oan 'e iene kant fan 'e feart en pake Jelle oan 'e oare kant. Sy sieten mei in tou oan elkoar fêst. It hynder luts oan...
nl.verhalenbank.22734
Der wienen twa man yn 'e Harkema oan 't fechtsjen. Dat gong om libben en dea, it waerd gefaerlik.
Doe kaem Sterke Hearke der by, dy naem ûnder elke earm ien man en smiet elk in kant út. Sjesa, sei er, elk in kant út. Doe wie 't fechtsjen út.
nl.verhalenbank.31039
Doe't Sterke Hearke ris in kear oan 't ploegjen wie, kom der in man by him. "Dy woe fan him wite hwer't Sterke Hearke wenne."
Hearke hie de ploech optild en sein: Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er. En mei de ploech hied er syn hûs oanwezen.
nl.verhalenbank.25474
Sterke Hearke: It forhael mei de ploege.
nl.verhalenbank.22023
Sterke Hearke luts samar in wein mei dong laden út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.29566
Der wienen twa pearkes, dy kommen ris op in kear fan Feanster merke. Ien dêrfan wie Rixt, in dochter fan Sterke Hearke. Dy pearkes krigen ûnderweis rúzje mei elkoar.
Doe krige Rixt dyselde, dy't it lulkste wie, samar beet en smiet him to Readskuorre by 't rinket yn 'e kolk.
nl.verhalenbank.32780