Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: lichaamskracht Place of Narration: Oudega
Greate Pier wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen der in pear mannen by him. Dy fregen him hwer't greate Pier wenne. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Pier en hy tilde de ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.30464
Sterke Ynse fan Bakkefean hat op in kear op Drachtster Merke de hiele slajut yn elkoar slein, mei ien slach. Doe sei de man fan 'e slajut: "Hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse.
nl.verhalenbank.30470
Sterke Lubbert wenne op 'e Jouwer. Dy hat froeger masinist west op 'e Stânfriezen. Dy foeren fan Ljouwert nei Amsterdam. Letter wie er kermisreizger. Dy keardel hie hwat yn 'e bouten. Hy krige hoefneils tusken tûme en finger beet, dan draeide hy se om en doe wienen 't koarketrekkers. Dat ha 'k sels sjoen. Hy hie yn elke earm in himpsel (van hennep), en...
nl.verhalenbank.30471
Sterke Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hja hat dy kant nei Jirnsum en Grou út wenne as boerefaem. Dêr hat se forkearing hawn mei in feint. Fan dy feint moest se in bern ha, mar doe liet dy feint har sitte. In pear jier letter wie 't feest yn 't doarp. Rixt wie dêr ek hinne en doe trof se dêr dy feint, dêr't se forkearing...
nl.verhalenbank.30465
In busfol molke tilde Rixt mei tûme en finger op.
nl.verhalenbank.30467
Dêr wie in boer, dêr wie Rixt faem. Dêr kaem wol gauris in plysje op 'e pleats, dy woe gedoente ha mei de frou. Mar de frou moest dêr neat fan ha. Doe sei Rixt op in kear tsjin har: "As dy plysje nou wer komt en hy makket smoesjes tsjin jo, siz it dan mar. Dan rêd ik der wol mei." Doe kaem dy plysje op in kear wer. Rixt gong der hinne, se pakte de plysje...
nl.verhalenbank.30466
Dêr yn Den Helder dêr stie in herberch. De kastlein hie alle jounen lêst fan 'e soldaten. Dy makken dêr in hieleboel heibel en sloegen soms alles koart en klien. Doe naem dy kastlein Hearke ûnder 'e earm, mei dy syn maet Sterke Fije fan Burgum. Hja mochten sêd drank ha as se him bystienen. De oare deis setten Hearke en Fije op 'e herberch ta. Hearke sei...
nl.verhalenbank.30462
Letter hat Hearke stille plysje west. Der wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden in man dy hie hwat útheve. Dêr wienen se allegearre bang foar. Net ien fan 'e plysjes dy't him oandoarst, lit stean fan ophelje. Doe waerd Hearke nei dy man tastjûrd. Hearke gong nei him ta en sei: "Ja jonge, dû mast even mei komme." De man grypte al nei 't gewear. Mar Hearke...
nl.verhalenbank.30463
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn Den Helder. Dêr lei by de kaserne in anker fan 1800 poun. Hearke hie alris prebearre dat op to tillen, en dat woe wol. Doe gong er op in kear nei de kommandant ta en dy frege er of er frij mocht fan 'e tsjinst, hwannear't er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tilde. Mar it gong net troch. De kommandant stie it net ta.
nl.verhalenbank.30461
Yn Sumar wenne in boer dy hiet fan Algra. Dy wie ek tige sterk. Op in kear stienen/sieten der in pear foeren hea in bytsje yn 'e skuorredoarren fêst. De boer sei: "Ik wol de telle der net út ha. As it hynder de wein der yn lûkt, dan forniele syn poaten mei 't skrap setten de telle. Dan komme der gatten yn." Dat hy spande it hynder der foar wei en gong...
nl.verhalenbank.30468
Der wienen in stik of hwat mannen dwaende mei it laden fan beamstammen. Mar se koenen se net op 'e wein krije, de beammen wienen har to swier. Doe kaem Hearke der oan. Dy sei: "ik sil 't wol even foar jim opknappe." Doe lei er dy beammen op 'e wein. De mannen bidankten him net iens foar dat swiere karwei en gongen nei de kroech ta om in buorrel, sûnder...
nl.verhalenbank.30469
1