Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: leugenverhaal Place of Narration: Surhuisterveen
Jan Hepkes fan Surhústerfean meande de kop fan it harspit ôf.
nl.verhalenbank.22170
Op in kear, yn 'e hjerst hie 't lange tiid oanien reind. "Hwat is 't wetter heech, net?" seinen se tsjin Jan. "Och," sei Jan, "jimme ha noch noait heech wetter sjoen." Wy kommen op in kear mei de Feanster boat út Ljouwert wei en doe wienen wy de Burgumermar oer fearn en setten koers nei 't Knjillisdjip. Mar doe stie dêr alles blank. 't Wie ien greate...
nl.verhalenbank.28729
As in oar hwat fortelde wist Jan altyd noch sterkere stikken oan to heljen. Sa wie 't ris in kear doe hienen se 't oer snie. "Snie?" sei Jan, "hwat prate jim fan snie. Ik hat ris in kear meimakke, doe wie 'k op 'e wykmerk to Mearum. Dêr bigong it hwat to krôkjen. Wy seinen: wy matte mar even yn 'e hûs. Dêr ha wy miskien hwat lang sitten, mar doe't wy der...
nl.verhalenbank.28728
Jan Hepkes fan Surhústerfean wie us in kear der op út mei in kammeraet op redens. Hy wie doe noch jong en wenne by syn mem yn 'e hûs. It wie moai waer. Sy rieden de Feansterfeart del oer de Tille de Mar oer en setten op 'e joun nei Eastemar ta. Yn kafé Meerzicht woenen se even oanstekke. Mar it siet dêr sa noflik, dat sy tochten net oan fuortgean. Mar...
nl.verhalenbank.20474
Jan wie koopman. Hwat der mar forkocht wurde koe, dêr handele hy yn, 't koe neat skille hwat. Hy forkocht ek wol ytierappels en woartels en sipels ensa. Dy kommen dan mei de boat oan en hy sutele se wer út. Op in kear, doe kom er by de streek lâns mei woartels. "'k Ha woartels to keap", sei er. "Mar ik ha de hevichste rúzje mei dokter. Dokter hat tsjin my...
nl.verhalenbank.28731
Op in kear, doe ried Jan Hepkes op 'e fyts. Hy soe nei Ljouwert ta. Doe't er oan 't Jachtfjild ta wie, moest hy der even ôf. Hy moest hwat wetter kwyt en dat die er yn 'e berm. "Doe't ik fan Ljouwert weromkom dy middeis," fortelde er, "doe stienen de bôgen fan 't pisjen moai oan 'e kant fan 'e wei by 't Jachtfjild. Sà bot hie 't doe ferzen."
nl.verhalenbank.28730
Op in kear, doe wie Jan Hepkes op it hiem oan 't meanen. Hy hie oan 't harjen west, mar hy hie noait wer om 't harspit tocht. Dat hied er yn 'e groun stutsen. Hy meande mar troch en mar troch, doe ynienen wie 't : ping! Jan tocht: Hwat is dàt - "Ik meande troch", sei er. Mar ik tocht alris: "it wol sa goed hast net. Ik mat mar ris harje. Ik sykje om 't...
nl.verhalenbank.28732
Froeger stie hjir in sekere ds. Riemsdijk op 't Fean. Op in kear kom dy by Jan Hepkes op bisite. Hy sei: "Wat heb je daar een mooi schilderij hangen, Wouda." 't Wie in print, dy't ynliste wie. "Ja," sei Jan, "dat is noch in echte Rembrandt." "Jonge-jonge," sei doomny, "hoe kom je daar aan?" "Dat sil 'k jo fortelle," sei Jan, "dy ha 'k fortsjinne mei 't...
nl.verhalenbank.28733
Jan Hepkes hie altyd in bont keallefestje oan. Feitse Brants leefde even earder as Jan Hepkes. Feitse koe 't noch fremder sizze. Op in kear gong Feitse Brants de feartswâl del, dat is bûten de haven nei Readskuorre op. Hy wie to foet. Doe kom dêr samar ynienen in simmertwirre oan. "Ik liet my foaroer falle", sei Feitse en ik pakte in pôlle gjers beet. En...
nl.verhalenbank.28864
Op in moarn, doe gong Feitse Brants to meanen. 't Wie hjir yn 'e buert fan 't Fean. 't Wie noch in bytsje skimerich. Feitse hie al in skoftsje oan 't meanen west en hy hie der al in moai hoekje ôf, doe tocht er: "it is krekt, as wol it net sa goed meane as oars. Ik mat mar ris strike mei de strikel." Hy sil strikelje en dêr sjocht er dat er de âld sek...
nl.verhalenbank.28866
Jan Hepkes Wouda Beeld van Jan Hepkes Wouda ( 4 november 1962-16 april 1939), was een bekende koopman in huiden in Surhuisterveen. Jan Hepkes Wouda stond bekend als de 'Feanster liger', omdat hij zich had toegelegd op het vertellen van sterke verhalen. Jan Hepkes Wouda vertelde in zijn leven de meest wonderbaarlijke verhalen die allemaal begonnen met' Ík...
nl.verhalenbank.41084
35