Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: leugenverhaal Place of Narration: Augustinusga
Jan Hepkes fan Surhústerfean wie us in kear der op út mei in kammeraet op redens. Hy wie doe noch jong en wenne by syn mem yn 'e hûs. It wie moai waer. Sy rieden de Feansterfeart del oer de Tille de Mar oer en setten op 'e joun nei Eastemar ta. Yn kafé Meerzicht woenen se even oanstekke. Mar it siet dêr sa noflik, dat sy tochten net oan fuortgean. Mar...
nl.verhalenbank.20474
Op in kear kom Jan Hepkes fan Dokkum mei tolvehûndert koefellen foar op 'e fyts. Der waeide in dikke oasterstoarm. Jan Hepkes stuts yn 'e 'Lêste Stuver' oan, mar doe't er wer op 'e fyts siet, koed er hast net yn 'e wyn opkomme. Doe tocht er: "Ik doch it ket fan 'e fyts, dan fytst it lichter." Dat died er, en jonge ja, dat holp. Hy wie samar thús.
nl.verhalenbank.20476
Op in kear, doe siet Jan Hepkes op 'e fyts. 't Waeide in stoarm. Hy ried yn 'e wyn op. "'t Waeit hurd, hè?" sei der ien tsjin him. "Jonge-ja", sei Jan Hepkes. "'t Falt net ta, hè?" sei dy oare. "Ei hwat," sei Jan Hepkes, "it fytst stevich, en ja, as je dan in pearhûndert poun foar op 'e fyts ha, dan mei 'k dêr wol oer."
nl.verhalenbank.25307
Ik en âlde Sjoerd hienen 't fjild yn west om wezelingen, dy't winters wyt binne. En doe kommen wy Jan Hepkes tsjin. Hy sei: "Ik wie krekt by de izeren brêge, doe lei dêr in murd mei sawn jongen." (Der lei snie, dat koe noait yn 'e winter)
nl.verhalenbank.25306
1