Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner.
It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer.
"Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it.
"Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe.
Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich.
Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
Ik wie by mem en dy yn 'e hûs. Alle nachten hie ik hinder fan 'e nachtmerje. As ik op bêd lei hearde ik de bûthúsdoar súntsjes iepengean. Earst woarde de ring optild, dan hearde ik de klink fan 'e doar. As dan de nachtmerje oan 'e keammerkedoar ta wie, lei ik al yn ûnmacht.
Op in kear nom ik my fêst foar, ik woe har nei. Ik hie de earm boven de tekkens en...
nl.verhalenbank.19594
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
nl.verhalenbank.19595
Us heit hat faek lêst hawn fan nachtmerjes. "Ik ha wol sa faek prebearre ien to fangen", sei er. "Dan lei 'k klear. Dan sei 'k by my sels: - As der nou aenst ien komt, dan sil 'k har pakke. Dan ûntkomt se my net."
Mar hy hat noait ien fange kind.
nl.verhalenbank.21548
By de achterdoar fan 't bûthûs hienen de boeren duveldrek ûnder 'e drompels. Dat wie foar de hynders om 'e nachtmerjes to kearen.
nl.verhalenbank.21549
Brant Veenstra hie altyd in soad lêst fan nachtmerjes. Hy fornom de nachtmerje oankommen. Earst kom er op syn fuotten, dan klom er al heger en heger en op 't lêst knypte er him de strotte ticht. Dan wied er deabinaud. Mar hy hat de nachtmerje noait in kear sjoen, sei er.
nl.verhalenbank.17589
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf.
In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen.
In wjerwolf is ek in soart dier.
nl.verhalenbank.21411
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe.
Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
As der yn in húshâlding sawn dochters binne dan is ien fan dy famkes in nachtmerje, wurdt der altyd sein.
Hynders ha in soad lêst fan nachtmerjes. It wienen famkes, dy gongen yn 'e nacht op 'e hynders sitten en dan rieden se der op. Dan woarde sa'n hynder stjerrend binaud en switte dat it hwat die. Us heit sei, dan moesten se in sichte boven sa'n hynder...
nl.verhalenbank.36054
Ik hie in muoike yn Houtigehage, dy hie bot rimmetyk. Doe fangde se in levende pod en dy binaeide se yn 'e seame fan 'e rok om 'e middel hinne. Dy pod bleau dêr twa, trije maenden sitten. Hie se wer in protte lêst, dan fangde se wer in pod. De âlde toarnde se der út en de nije kom der foar yn 't plak.
Traepje noait op in pod of in kikkert, oars bigjint it...
nl.verhalenbank.27605