Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't ik noch by heit en dy yn 'e hûs wie, slepten wy op 'e souder. Hwat haw ik dêr faek lêst fan in nachtmerje hawn!
Ik gong by de trap op en dan wie 't soms krekt as hie 'k der al in foargefoel fan. As ik op bêd lei, dan fornom ik dat se my by 't boarst opkrûpte. 't Bigong by de fuotten.
As ik my mar gau omdraeide, dan wie 't fuort. Koe 'k my sa gau net...
nl.verhalenbank.32993
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al.
Hy hat faek by my west.
Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is.
Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein.
As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
nl.verhalenbank.32994
In nachtmerje is ien fan sawn op elkoarfolgjende dochters. In nachtmerje komt troch 't slotsgat.
Men mat de klompen ûnrjocht tsjin elkoar oan sette, se wolle wol ha dat se dan net komt.
nl.verhalenbank.23949
Yn 'e Hamsherne (yn Harkema) wenne in jong frommes, ik tink dat se har Witteveen skreau. Dy wie ôfgryslike sterk.
Op in kear doe wie se to Twizel yn 'e herberch 'De drie witte kannen'. Der wie in keardel dy woarde lestich. Doe hat hja dy keardel by nekke en kont beetkrige en hja hat him oer de hage hinnesmiten.
Hja leeft nou net mear. Yn in wike wie se...
nl.verhalenbank.33420
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan mat men in bibel foar 't bêd dellizze. Dêr komt net in nachtmerje oer.
nl.verhalenbank.19356
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?"
Ja, dat wie der wol.
"Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Hynders dy't lêst hienen fan nachtmerjes struiden se moal of kaf op 'e rêch.
nl.verhalenbank.21236
Us heit hie in ôfgrysliken lêst fan stienswolms. Hy wie skjin forlegen en koe se noait kwyt wurde. Doe joech ien him de rie, hie moest nei 't tsjerkhôf tagean en dêr in deabonkje wei helje. Dat moest er skraebje en dat yn 'e brij dwaen. Dat hat er dien en doe joegen de swolms har del.
nl.verhalenbank.12367
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan sawn famkes dy't opelkoar folgje yn in húshâlding is in nachtmerje. Sy kinne oeral troch; troch 't kaaisgat, ûnder 'e doar troch en troch kieren. Sa komme se by de lju yn 'e hûs. Se komme ek by hynders.
Se leinen wol in wiete dweil foar de doar del om der gjin lêst fan to hawwen. Se struiden ek wol moal op 't...
nl.verhalenbank.25921
Foar in nachtmerje mat men de klompen omkeare en ûnder 'e drompel duveldrek lizze.
nl.verhalenbank.33411
Tsjoensters foroarje har yn in kat. Duveldrek ûnder 'e drompel is 't bêste middel om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.23950
In nachtmerje koe in man wêze as in frou.
By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
Yn 'e Harkema wie in frou dy wie op in moarn krekt oan 't kacheloansetten west. Doe lei se wer even op bêd. Doe kom der in nachtmerje by har. Sy koe net in wurd útbringe, mar sy hie noch sjoen, dat it in lyts, swart keardeltsje wie.
nl.verhalenbank.23666
De glêzen skonk.
Yn 'e Koaten wenne in frommes, dat biwearde, hja hie in glêzen skonk. Sy koe net rinne, se moesten har altyd drage. Mar it wie fansels oars neat as kleare ynbeeldings.
Hja wie troud mei in boer, en dy krige der op it lêst syn nocht fan. Hy laedde it minske op in karre en doe ried er har de lannen yn, achterút, wit hoe fier.
Dêr liet er de...
nl.verhalenbank.20828
Ik ha us in nachtmerje by my hawn, doe wie 'k op 't lêst sahwat oan 'e dea ta. Doe fornom ik, dat er stadichoan wer by my wei krûpte.
Der wie no in boer, dy hie in hynder, dat hie in protte lêst fan 'e nachtmerje. Moarns sieten der altyd flechtsjes yn 'e moanjes en it beest switte altyd as in oandrager.
Doe op in joun struide er moal op 'e rêch fan it...
nl.verhalenbank.17705