Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
60 datasets found
Dutch Keywords: lantaarn Narrator Gender: female
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten. "Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan. 't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean." Mar dy huzen steane der noch net. Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Yn Surhuzum seagen se froeger op in plak in wylde lantearne. Letter kom der op datselde plak in buorkerij to stean.
nl.verhalenbank.27807
Froeger seagen wy allegear ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen. 't Wie op it plak, dêr't nou rykswei 43 is.
nl.verhalenbank.27568
Wylde lantearnen woarden der yn 'e Legauke sjoen. De minsken roannen der hinne om der by to kommen, mar dan wienen se fuort. Dat wienen letter de fytsljochten.
nl.verhalenbank.21904
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
nl.verhalenbank.17737
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen." It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
Wylde lantearnens seagen se hjir froeger in hiel soad. Letter kommen de fytsen. Dy wylde lantearnens, seinen se hienen de foarboaden fan 'e fytsljochten west. Se seagen ek wol us by joun in ljochtsje op in bipaeld plak. Op sa'n plak kom dan letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.18212
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net. Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
In omke fan myn mans kant wie skeper op Driemunt. Dêr wie 't doe yndertiid allegear noch heide. Op in kear sei er tsjin my: "Ik ha justerjoun in wylde lantearne sjoen. Hy kom fan Mearum en gong de kant út nei Drachten." Hy hat it letter noch faker sjoen. "Der komt hwat to rinnen fan Mearum op Drachten yn", sei er. Ik sei: "Merakels allegear." Mar letter...
nl.verhalenbank.27483
Ek sei se in kear: "Ik ha allegearre ljochtsjes sjoen, dy't biweegden. Der komt hjir foroaring." Doe kom dêr letter in hurde wei, dêr't de auto's lâns snuorren.
nl.verhalenbank.22289
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat ha de fytsljochten fan letter west.
nl.verhalenbank.23419
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
Us beppe dy seach us in wylde lantearne yn 'e Wierren. Letter kom der op datselde plak in boereplaets to stean.
nl.verhalenbank.27863
35