Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: lantaarn Place of Narration: Sumar
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide. As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei. Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Der hienen minsken to ierappeldollen west, dy kamen op in joun thús fan har wurk. It hûs, dêr't nou Tamme Hedzers Hooijenga wennet (myn broer) stie der doe noch net - it hat sahwat yn 1870 west - doe rounen dy minsken troch in âlde drûge sleat, dwars oer, dat wie it koartste. Doe sei der ien: "Sjoch, dêr stekt ien de tútlampe op." Dat wie op 't selde sté,...
nl.verhalenbank.31642
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net. Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
De minsken seinen froeger wol us: "Dêr is wer in wylde lantearne. Der sil wer hwat gebeure." Dan woarde der in nije sleat groeven of der kom in nij hûs of sahwathinne.
nl.verhalenbank.20260
Murdejagers seagen froeger faek wylde lantearnen. Letter kom der op sokke plakken dan in wei. Alde Piter Kloosterman hie op 'e Sumarreheide de tram fantofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.36221
Yn Burgumerheide ha wy gauris ljochtsjes sjoen op plakken, dêr't letter huzen kommen to stean. Nuver, dat men soks nou net mear sjocht.
nl.verhalenbank.20331
Wylde lantearnen sweefden hjir froeger faek oer de heide. Men wol ha dat dat de lettere auto's binne.
nl.verhalenbank.31789
In pleachgeest is in soart fan nachtmerje. Heit wenne as boerefeint by Piter Algra. Hy slepte yn 't bûthús. Dêr stienen fjouwer hynders op 'e stâl. Ien fan dy hynders hie altyd lêst fan in nachtmerje. Op in nacht makke dat hynder sa'n leven dat heit woarde der wekker fan. Heit gong der ôf en stuts de lantearne oan. It hynder wie dweiltrochwiet fan swit....
nl.verhalenbank.12257
Guon seagen froeger altyd in ljochtsje oer de heide fleanen. Dat waerd letter de tram.
nl.verhalenbank.20397
By de polderdyk ha guon dúdlik dêr twa ljochten sjoen jouns. Letter waerden dêr twa huzen delset. Antsje Kak en Bearn Dekker kamen dêr to wenjen.
nl.verhalenbank.20396
1