Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: land Narrator Gender: male Place of Narration: Kollumerzwaag
Jierren letter wienen ik en myn broer us yn Kûkherne. Wy soenen dêr in stik lân meane. Dat wie tichte by 't hûs dêr't dat wiif wenne dat doe in boskje fodden wie. It wie moai gers, mar der roan in paed troch, dêr wie 't alhiel plat trape. It wie skande fan 't gers. Ik sei tsjin myn broer: "Dat hat dat âld-wiif dien. As ik har hjir seach, dan sloech ik har...
nl.verhalenbank.25182
In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem. Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders,"...
nl.verhalenbank.25191
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren. As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen. As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
In sekere Sake seach yn 'e Sweachster bosk hwat yn 'e beam. Doe't er tichterby kom, kom der in frommes ta de beam út. Sy sweefde it lân oer. Doe seach er hwa't it wie. Hy neamde har namme en fuort wie se.
nl.verhalenbank.15757
Wylde lantearnen sweefden froeger boppe de lânnen. Ik wit de bitsjutting der net mear fan, mar ik haw se wol faek sjoen.
nl.verhalenbank.29934
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke tilde de ploech op en wiisde der mei nei 't hûs. "Dêr wennet er", sei er. Doe wist dy man fuort hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.25846
Op 'e Kollumersweagerlânnen hearde ien us sa'n 60 jier lyn om sahwat twa ûre yn 'e moarn in klopjen en in timmerjen op in stik lân. Hy kom fan 'e faem werom. Syn maet wie al om 12 ûre fan 'e faem thúskom. Dy hie it èk heard. Letter is dêr in boerespul kom.
nl.verhalenbank.15763
Ek in kear doe moest ik nei in oar stik lân. Ik hie de polsstok by my; ik tocht, ik moat hjir mar oer de sleat springe. Mar doe wie dêr in daem, dy hie 'k noch noait earder sjoen. Ik tocht: dan rin ik oer dy daem. Mar doe wie dat de rêch fan in fisk dêr't ik oerhinne roan! Sa'n grouwe fisk wie dat!
nl.verhalenbank.37361
Dêr't nou de Swemmer is, dêr hat Sytse-om froeger de skippen silen sjoen. Doe wie 't allegear noch droech. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.25830
35