Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme.
Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne.
Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
De tsjoensters binne froulju mei reade egen.
Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
Myn man wie ris op in joun yn 'e herbech om in kopke thé.
De soan fan 'e kastlein, Klaes, soe petroalje yn 'e lampe dwaen. Jehannes Meerstra siet der ek.
"Pas op," sei Jehannes tsjin Klaes, "dat de brânder net yn 'e brân fljocht."
"Né," sei Klaes, "dat is noch noait gebeurd."
Hy hie 't net sein, of dêr fleach de brânder yn 'e brân. Dat wie Jehannes syn...
nl.verhalenbank.38181
Myn healbeppe hat ris trije grouwe katten mei de tange slein. Meiiens gong de lampe út en ús beppe raesde it út fan 'e pine.
Mem woarde doe nei de duvelbander tastjûrd. Sy nom beppe har wetter mei. De duvelbander joech har in fleske mei drippen mei. Mar hy sei: "Pas der goed op, hwant der kin dy ûnderweis wolris ien moetsje, dy't it op dat fleske munte...
nl.verhalenbank.12361
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat."
De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe."
De...
nl.verhalenbank.16887
Heit en dy's twadde jonge, ús Foppe, dy raesde alle jounen. Dan krige er pine. Doe krige er in naffelbreuk. Dokter sei, dêr moest in naffelbân omhinne. Wy hienen in buorwiif, dy koe dat wol dwaen. Mar dat buorwiif hienen se it net op bigrepen.
Sy kom net earder as dat de lampe brânde.
Op in kear dienen heit en mem alle blinen ticht, dat der gjin ljocht...
nl.verhalenbank.27174