Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: lamp Place of Narration: Drachten
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Dyselde boer wie us op in kear to ôfljochtsjen. Hy die 't yn 't tsjuster en hie gjin lantearne by him. Doe krige er ynienen in klap op 'e earm, dy't goed bot oankaem. Dat hie de duvel dien. Sy ha fuort dêrnei alles ôfljochte, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.19865
Froeger hearde men gauris: dêr brânt in wylde lantearne! De paden dêr't dy dingen sjoen woarden, woarden mijd; in soad minsken doarsten dêr net lâns: it doogde dêr net. It wienen faek plakken, dêr't ien in moard dien hie.
nl.verhalenbank.29384
Ik wie sa'n foech jonge en wenne by bakker Vonk. Jouns gong ik faek nei Brant en Mintsje ta. Dy wennen, krekt as Vonk, èk yn Drachtster Kompenije. (De man hiet Brant Pool). Hja hienen in dochter, dêr hie 'k wol hwat bistek op. Op in joun wie 'k dêr wèr. "Ha jim hjir in nij hûs krige?" frege ik. Hwant ik seach achter it hûs fan Brant Pool in ljocht...
nl.verhalenbank.33623
Sa'n fjirtich jier lyn seagen wy wylde lantearnen op 'e Hege Wei. Dat wie doe in sânpaed, dêr kom omtrint neat lâns. Nou stiet it der noait stil, sûnt de wei forhurde en forbrede is. Elk ogenblik snuorje der auto's lâns. De lettere autoljochten dêr, wolle se wol ha woarden troch dy wylde lantearnen oantsjut.
nl.verhalenbank.33768
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624
't Is net like folle hwat men docht of hwat men seit. Yn it café fan IJe Hulshof yn Surhuzum wienen op in joun in stik of hwat greate spotters byelkoar. Dy praetten ûnderinoar ôf, sy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. Dy't foargean soe, hie in swart dûmnyspak oanlutsen en in hege hoed opset. Hy soe 't avondmaal útdiele. Se hienen bôlle en wyn kocht....
nl.verhalenbank.19378
Der giet in paed fan Strobos nei Kollumerpomp. Dat is in rûm ein wei. Dêr seach ik us in kear twa hiele greate balen hea stean. Midden op dy wei. 't Hea stykte boven ta de balen út. Ik fortelde dat oan ien, mar dy lake my út en sei: "Allegear lary.". It wie yn 'e simmer. Mar doe woarde it hjerst. Ik en myn swager hienen nei myn suster ta west yn...
nl.verhalenbank.17748
Wylde lantearnen waerden der froeger faek sjoen by ús yn 'e Boelensloane. 't Wienen de foarboaden fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.37923
Myn frou komt fan Boarnburgum. Doe't ik noch forkearing mei har hie, reizge ik nei har ta op 'e fyts oer de Himmen. Op in saterdeijoun wie 'k dy kant wer út. Doe't ik oan 'e Himmen ta wie, woe de carbidlantearne net mear brânne. En 't wie ek noch in nijen. 't Wie al yn 'e lette hjerst en 't wie allegear bosk om my hinne. 't Wie slecht waer. Ynienen stiet...
nl.verhalenbank.26046
Alde Bearn van der Woude sei op in kear yn 't foarige: "Ik koe fannacht net sliepe. (Hy wenne doe op Driemunt). Der komt fêst hwat. 't Wienen allegear ljochten en in leven dat der wie - der komt fêst hwat." Nou is de greate Rykswei 43 der troch. Flak njonken it plak, dêr't hy mei syn woanwein stie. Der binne ek forskeidene dy't de tram fan tofoaren riden...
nl.verhalenbank.28253
Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen. Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy...
nl.verhalenbank.19700
1