Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme.
Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne.
Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel.
Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
As it glês fan 'e petroaljelampe swart brând wie, dan seinen se: der sit in brief op 'e lampe. Dan gebeurde der hwat.
nl.verhalenbank.17320
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat.
Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!"
De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes.
Hja is dêr bleaun en hy is mei har...
nl.verhalenbank.17730
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen wienen de foartekens fan 'e lampen. De minsken krigen letter folle mear ljocht.
nl.verhalenbank.17588
De wylde lantearnen fan froeger, dat hite nou de strjitlampen en ljochten to wêzen.
nl.verhalenbank.21404
Wy seagen froeger wolris wylde lantearnen. Letter seinen se, doe't der huzen boud woarden: dêr ha wy froeger in wylde lantearne sjoen. Sa ha se ek in wylde lantearne sjoen op it plak dêr't letter Jelle de Wind wenne hat, op 'e Bulten.
nl.verhalenbank.28281
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421