Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Olterterp lei in hiele grouwe beam oer de wei. Der wienen manlju mei dwaende om dy beam op 'e wein to laden, mar dat koenen se net rêdde. Doe fregen se Ynse, of dy helpe woe. Ynse sei: "Goed. Nim jimme dan meimankoar de lichte ein, dan nim ik de swiere ein. Klear?" Doe hufte hy de beam op 'e wein, dy't se der meielkoar net op krije koenen. Mar doe...
nl.verhalenbank.19686
Wiger Visser wie in broer fan heit. Hy wenne op 'e Noarder Dwarsfeart. Der wienen guon dy soenen beammen op 'e wein lade. 't Wienen dikke, swiere beammen. Mar sy koenen it net oprêdde. Doe kaem omke Wiger der by.
"Gean mar wei", sei er. Hy sloech de earm om in beam hinne en hy hie him samar op 'e wein. Dat die er mei de oaren ek.
Se neamden him altyd...
nl.verhalenbank.37023
Sterke Hearke wenne yn 'e buert fan 'e Hamsterheide.
Op in kear wied er oan 't dongladen. Doe moest der in foer dong út it skerngat lutsen wurde, mar it hynder koe gjin skrep krije. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels by 't tiksel stean. Hy luts de wein samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36702
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Kees Leensma wie ek tige sterk. Op in kear soe er mei in stik of hwat oare mannen in mennich swiere grouwe beammen op in wein lade. Wylst de oare mannen om kofje gongen laedde Kees al dy beammen pûr allinne op 'e wein. Doe't de mannen wer kommen wie de wein laden.
nl.verhalenbank.24821
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe.
Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Der wienen us in pear mannen, dy moesten in stik of hwat grouwe beammen op in wein lade. 't Wie yn Bakkefean.
Sy koenen 't meimankoarren net rêdde. Mar doe kom krekt greate Ynse foarby. Doe fregen se Ynse of dy wol helpe woe. Ynse lei doe de beammen ien foar ien hielendal allinne op 'e wein.
Doe't dat gebeurd wie gongen dy mannen nei de kroech om in...
nl.verhalenbank.25696
Adrianus Biesterveld hat oan 'e Dwarsfeart to Drachten wenne. Dêr wienen se allegear bang foar, hwant hy koe samar ien formoardzje om hwat jild.
Op in kear, doe wie er krekt út 'e gefangenis wei. Doe siet er yn 't 'Grauwe Peerd' to Drachten. Dat wie in herberch. Doe kom dêr in reizger, dy moest nei 't Hearrenfean ta. Hy hie in koffer by him. Hy woe in man...
nl.verhalenbank.25050
Der wienen ris yn Bakkefean seis man oan 't laden mei almachtich dikke beammen op in wein. Ien beam wie wol twa kear sa grou as de oaren. Sy koenen 't net struse om dy beam op 'e wei to krijen.
Sterke Ynse stie der sa by. Hy sei: "Sil 'k jim even helpe?"
Dat wie gjin dôvemans praet. Dat nommen se graech oan.
Ynse krige it swierste ein. Tsjin 'e oaren sei...
nl.verhalenbank.32698
To Sigerswâld wienen in man of fjouwer dwaende mei it laden fan beammen op in wein. Sy koenen se der net op krije. Ynse kom dêr tafallich lâns. Sy fregen him of er helpe woe. Dat die Ynse mei alle genoegen.
Mar doe't de beammen op 'e wein leinen, stapten dy mannen yn 'e kroech. Ynse woarde dêr net ta útnoadige. Doe tocht Ynse: Ik sil jimme wol ha. En hy...
nl.verhalenbank.25458
Der wie in sunige boer, dy hie by de houtforkeaping in persiel beammen kocht. Hy en syn feint prebearren togearre de beammen op 'e wein to krijen, mar dat koenen se net oprêdde. Tafallich kom krekt Sterke Hearke der oan. Dy seach wol dat de mannen yn forlegenheit sieten en dêrom sei er: "Ik sil jim helpe mannen. As ik nou de swiere ein nim en jimme...
nl.verhalenbank.33771
Der wienen us trije man oan 't houtladen yn Bakkefean.
Der wie in kolossale swiere beam by, dy koenen se net op 'e wein krije. "Dit is bilachelik," seinen se, "dit rêdde wy net op."
Doe kom sterke Ynse der oan. Dy sei: "Ik doch de jas út, ik sil jimme wol even helpe, mannen."
Doe hienen se dy grouwe beam samar op 'e wein.
Doe gongen dy trije man yn 't...
nl.verhalenbank.26109
Greate Ynse fan Bakkefean wie bûtengewoan sterk. Hy siet folle yn 'e turf. Hy wurke tusken 't folk. Mar syn kroade wie krekt trije kear sa great as in oar sines en hy laedde dy fol turf mei noch in hege berch der boppe op loege.
nl.verhalenbank.19310
Hearke hie ris nei Grins ta matten. Underweis to Visvliet hienen guon beammen kapt. Dy beammen moesten op 'e wein laden wurde, mar de trije man dy't dêr oer gear wienen, koenen dat net rêdde.
Hearke sei: "Ik sil jim wol even helpe." Hy tilde mei gemak de beammen ien foar ien op 'e wein.
Doe wienen dy trije mannen nei de herberch gong om in slokje. Se...
nl.verhalenbank.25210
It is in kear gebeurd, doe roan Ynse troch de buorren fan Bakkefean. Doe wienen der trije mannen dwaende mei 't laden fan beammen op in wein. Ynse bleau der by stean. Der wie ien beam by dy wie folle grouwer as de oaren en dy koenen se net op 'e wein krije. Doe sei ien fan harren tsjin Ynse: "Kinne jo ús in hantsje helpe?"
Ynse wie tige stadich yn syn...
nl.verhalenbank.19311