Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: kwaad Place of Narration: Rottevalle
Heit wie ris in kear ergens op 'e merk. Dêr wie Ymke ek. Doe wie dêr ien, dy krige in bytsje wurden mei Ymke de Jong. Doe sei Ymke tsjin him: "Dû wytst noch wol, tink, hoe't ik it doe mei dy hawn ha? Dû koest net in foet mear forsette." Doe't de man dat hearde, gong er stil fuort.
nl.verhalenbank.27756
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis. De beesten woarden op mendei noait útlitten. As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong. De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
Froeger bigongen de boeren yn 'e Rottefalle op mendei noait mei in nij stik wurk, hwant der binne forkearde mendeis yn 't jier. Se dienen dan al in bytsje oan it karwei op saterdei. Dan gongen se der de mendeis mei fierder. Dan hienen se in bigjin makke.
nl.verhalenbank.33794
Frânse Hinke wie duvelbander yn 'e Rottefalle. Dy hie gâns oanrin.
nl.verhalenbank.36165
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe." Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein. Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
nl.verhalenbank.27712
Folkerts Sjut fortelde, op in kear roun der in frou op 'e Swartfeanster wei. 't Wie in hiel iensum paed. Doe kaem der ien njonken har to rinnen en dy gong net wer by har wei. Doe't se goed taseach, seach se dat er twa bokkepoaten hie. Doe bigoun dat minske it 'Onze Vader' op to sizzen. En doe't se sein hie: Verlos ons van den boze, doe wie dyselde ynienen...
nl.verhalenbank.29611
By de Skeanpaden by de Foudenswei, op 'e Houtigehage stienen ris in stik of fjouwer mannen, dy moesten fiif allerôfgryslikst dikke beammen lade op in mallejan. Hja wienen der drok mei oan 'e gong, mar hja koenen 't mei gjin mooglikheit oprêdde. Doe kaem Sterke Hearke der oan mei de wein en in âld hynder der foar, dy soe nei Drachtster Kompenije ta. Hearke...
nl.verhalenbank.29572
35