Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben.
Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Hjir op 'e Wâl wenne in húshâlding, dat wie hwat rûch folk. 't Gong der yn 'e hûs by harren wolris mâl oan wei. Op in kear, doe't it hwat ekstra mâl wie, kom der by harren in greate swarte houn oer de ûnderdoar springen, dy kom by harren, en dy gong ek wer fuort. Doe ha se raer sjoen, hwant dat wie hwat fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.19632
Der wienen kwea-minsken, dy strieken mei de hân by de kij lâns, dan gongen de keallen der út. Dat woarden dan kealforsmiters. Sa'n kwea-minske hat hjir wenne. 't Wie in man.
nl.verhalenbank.38178