Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn jongste broerke rekke siik. Hy bigong der al mar minder út to sjen. Syn troanje woarde wilich.
Doe gong heit nei greate Wopke fan Kûkherne. En dêr wie 't al sa, it jonkje wie bitsjoend.
Wopke joech heit in drankje mei, dêr moest it bern fan ynnimme, sei er. Mar hy warskôge heit, heit moest werom net troch de bosk gean, hwant dan soed er ophâlden wurde...
nl.verhalenbank.16770
Yn 'e Houtigehage hat in tsjoenster in man deatsjoend, dy hie trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.17628
Ik wie noch in jonge. As ik op bêd lei, dan hie it my. Dan wie 'k forlegen. It mat in nachtmerje west ha.
Doe hat heit my guod jown op in papierke. Dat kom ûnder myn kessen to lizzen. Sûnt haw ik der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.16769
Sjouke-petroalje wenne hjir ek yn Burgumerheide. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Hy is op in kear mei de hounekarre mei de twa hounen der foar by minsken troch 't kaeisgat flein, op klearljochte dei. It hier fan 'e hounen siet letter noch yn 't kaeisgat. Der binne minsken dy't it sjoen ha.
Dy minsken dêr't er troch 't kaeisgat fleach hienen krânsen yn...
nl.verhalenbank.36492