Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Myn groatmoeke fan Holwert gyng eens feur haar kiend naar Wopke. 't Kiend had kransen in 't kussen.
Wopke sei tegen moeke Tryntsje: Hier heste goed, mar dû moest it an deze kant by dy houwen. En aan die kant moestû niet ien passeare laten, omdat dan dat fleske met goed der an gaat. Ik warskou dy Tryn, denk aan dyn naaste familie.
It waren haar mans vader...
nl.verhalenbank.32614
Yn Sweagerbosk dêr wenne âlde Tryntsjemoai. Dat wie heit syn beppe. De minsken dy't dêrfoaroer wennen hienen hinnen. De frou dêrre dat wie in tsjoenster.
De hinnen kommen hyltyd op beppe har gerjochtichheit. Dan jage beppe se wer fuort.
Doe woarden dy minsken lulk.
Beppe woarde siik. Der sieten krânsen yn har kessen. Se wie bitsjoend. Dat hie dat minske...
nl.verhalenbank.20563
As se de trije krânsen út in kessen forbrânden, dan forbrânde de tsjoenster sels ek.
nl.verhalenbank.17497
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?"
"Al in hiel skoft", sei 'k.
Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?"
Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne.
Wopke frege of pake wol hurd rinne koe.
"Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan."
Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Op Houtigehage woarde in bern bitsjoend. Se hienen wol yn 'e gaten hwa't dat dien hie. Der kom harren altyd in swarte kat achternei. Dy woe nei 't bern ta.
Op in kear doe joegen se dy kat in skop. Doe wie de oare deis de buorfrou kreupel. 't Wie frou van der Meer.
Sy makken 't bêd fan it bern iepen en doe siet dêr in krâns yn.
nl.verhalenbank.33051
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Ergens was een kind bekold enzovoort, enzovoort. Die vader gaf zijn kussen aan het kind. Dat sliep daarop rustig. Hij nam het kussen van het kind, maar kon twee nachten niet slapen, terwijl zijn vrouw, die naast hem sliep, telkens wakker schrikte, en dan was het alsof er met nagels langs haar gezicht gekrabd werd. Alles verbrand. Patiënt beter.
(Vrouw...
nl.verhalenbank.9259
Klaes Talma hiet ús heit. Hy wenne oan 't Wyldpaed, tichte by 't spoar. Hy wie noch in jonkje.
Op in kear gong er nei in âlde frou ta om molke. Der wie in jonkje by him, dat wie syn kammeraet.
It âld minske joech heit in apel, mar se sei der by, dy apel mocht er net mei it oare jonkje diele, dy moest er allinne opite.
Doe woarde heit siik. Earst gong hy...
nl.verhalenbank.29627
Vroeger gingen de bure op bezoek bij pasgebore kindere. Dat hoorde zo. M'n moeder vertelde in Lopik was d'r een kind gebore en toen was d'r een heks op bezoek geweest. 't Kind werd hard ziek. Toen ze het kussen openmaakten zat er een verenkrans in.
nl.verhalenbank.51005
Een verenkrans in het hoofdkussen, dat werd vroeger gezegd als er een kind ziek was en 't kon niet meer beter worden.
nl.verhalenbank.70593
Ik wie senuwsiik. Dokter hie sein: It allerbêste dat jo mar krije kinne, matte jo ha. Dat koe 'k net krije. 't Mocht ús net barre. Ik wie 27 jier. Ik tsjinne by in oar. De frou sei tsjin my: "Myn beppe hat in ekster yn 't liif, jo kinne der ek wol us ien yn ha, hwant it kin raer gean mei dy tsjoenderije. Ik tink dat der kweaminsken oer jo geane."
Der...
nl.verhalenbank.21910
Als de heks, Mijn Punders, bij ons in de winkel stond, had iedereen het land. Dan kwam Oome Frans en zei: “Ik zal uw us komme helpe. Heel vriendelijk hielp hij Mijne en deed later haar rok weer over haar hoofd. Wij zouden het niet gedurfd hebben. Soms was ’n krans in het kussen gehekst. Dan stierf het kind.
nl.verhalenbank.47465
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra.
Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern.
Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Yn Marum (= Marrum) op 'e Auke-pleats wenne myn pake Auke Greydanus. Yn dy tiid dat pake dêr wenne hat de boel dêr bitsjoend west. De kij stienen altyd to razen op 'e stâl. De doarren klapperen de hiele nacht troch, by blêdstil waer. Elke kou wie in kealforlizzer. De hiemhoun lei op in moarn kroandea yn 'e jister.
It wie wol sa'n slimme tastân, it koe sa...
nl.verhalenbank.33118
Moeder het mien wel es verteld: “Eén van ons klein jonges was egol ziek”. Moeder zei: “We motte ’t kusse mar es nakieke. Wat er ien zit”. En toe ze da deje, holde ze ’r ’n mooie krans uut, heel mooi rond gevlochte van verkes ien ’t kusse”.
nl.verhalenbank.49717
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai.
Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst.
Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Myn man syn suster wie ris in kear siik, doe't it noch in famke wie. Sy wie bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta, dy moest fan Jistrum komme. Hy helle in krâns út it kessen dêr't it bern op sliepte. Dy krâns dienen se yn 'e dôfpot, mar dy woe dêr net yn bliuwe.
Hyltyd gong 't lid fan 'e dôfpot omheech en kom de krâns nei boppe. Op 't lêst binne...
nl.verhalenbank.31045
Ik hie in susterke, dat wie Fokje. Doe't dat in famke wie woarde hja ris op in kear siik, en doe seinen se dat se bitsjoend wie. Piters Willemke wenne fjouwer huzen fan ús ôf, en dat wie in biruchte tsjoenster.
Der waerd ornearre, dat dy soe ús Fokje wol ûnder har macht ha. Hwant Willemke koe fan alles. Hja fleach nachts oer de telefoantriedden hinne.
Se...
nl.verhalenbank.30367
As d'r een verekrans in 't hoofdkusse zat, dan vertrouwde ze 't niet.
nl.verhalenbank.72632