Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jehannes Meerstra koe allerhande kunsten mei spylkaerten. Hy koe ek kaertlizze.
Jehannes Meerstra hie ek in toverboek. Op in kear doe't er dêr yn lies, waerd er tige binaud. Doe smiet er it boek yn 'e rogge. Doe wie 't oer.
nl.verhalenbank.31027
Tseard van Dekken swetste en swearde wakker op Hamster merke.
"Hwat soestû mei dyn kunsten?" sei er tsjin Imke de Jong.
Mar Imke liet him samar stean. Doe koed er net fan 't plak komme.
nl.verhalenbank.21649
Jan Popkes hie in toverboek. Dêr die er syn kunsten mei. Dêr koed er like hurd yn achterút lêze as foarút lêze.
nl.verhalenbank.28646
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Stammerige Harm wie in tsjoenster. Hy wenne yn in hiel lyts húske. Dêr wie mar ien bêd yn.
Op in kear doe kom der in famyljelid, dy moest dêr oernachtsje. Doe moest er by stammerige Harm yn 't selde bêd sliepe.
Midden yn 'e nacht fornaem er Harm net mear. Hy taestte om him hinne en doe lei der in greate pounse njonken him. Mar Harm sèls wie fuort.
nl.verhalenbank.20564
Op 'e klaei yn Grinslân, yn Zeerijp, wienen guon út 'e Westerein oan 't flaechslûken. Der wienen ek guon út oare plakken wei. Der wie ek in man, dy koe allerhande kunsten. Hy koe ek knoffelje.
't Is sahwat in fjirtich jier lyn. Jehannes - dat wie ien fan 'e Westerein luts foar him lâns. Hy stie him hyltyd yn 'e wei by 't flaechslûken.
Doe sei dyselde dy't...
nl.verhalenbank.19407
"Elk mat goed op syn horloazje passe," sei Imke de Jong, "der binne altyd dieven." Der wie ien ûnder it folk, dy miste sines al. Ien dy't in hiel ein fan him ôf stie hie twa. Sokke kunsten helle Imke út.
Hy koe de minsken ek stean litte. Ek koed er de minsken de klean ôfsakje litte. Hy siet wol gauris yn 'e gefangenis, mar dêr wie er ek samar wer út. Dêr...
nl.verhalenbank.12553
Ik wie in jonge baes. Wy sieten yn 't kroechje fan Gietema 'De Lauwers', tusken Surhústerfean en Grinzer Pein. Dêr siet ek in soan fan Imke de Jong. Dy die dêr allerhande kunsten.
Hy smiet in spultsje kaerten samar tsjin 'e muorre oan en dat bleau dêr sitten. Doe kommandearde hy, dy en dy kaert moest dêr wei komme, en dat gebeurde èk. Doe't hy dêr even...
nl.verhalenbank.27217
Doctor Faustus besprack hem met synen dienaer vanweghen syn testament.
ALS nu het testament Doctoris Fausti volbracht was, so riep hy tot hem zijnen dienaer ende hielt hem voor hoe dat hy hem in zijn testament bedacht hadde, omdat hy hem altijt seer wel ghedraghen hadde ende zijne secreten niemant gheopenbaert en hadde. Daerom soo verre als hy noch yet...
nl.verhalenbank.72355
Ik het dor wel es iets van gehörd. Ze zèje vroeger, da Hend van de Witte da kos. Die kos iemes stil late stoan en ok opte grond loate valle. Teminste, o da zèje de minse. Ik het ’t eiges nooit gezien. Hé’j noom dan ’n buukske uutte tes [zak] en schreef er wa ien. En zèj dan bijvoorbeeld tegen de luj, die bé’j ’m ware: “Zal ik hum doar, die dor löp es...
nl.verhalenbank.50208
Us mem hat 25 jier skroare foar oaren. Sy kom ek wol by in âld man, dy wenne by de soan yn, dy't troud wie. De âld man wie in tsjoenster. Syn eigen soan doarst dêr wol foar út to kommen.
Op guon plakken hat er it fé wol bitsjoend, foaral bargen. Dat gebeurde ek ris by lju dy hienen in winkeltsje. De man wie dy deis nei Ljouwert ta om winkelwaren. Sy...
nl.verhalenbank.15674