Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der hat yn 'e Harkema in man wenne, dat wie Ruerd van der Veen. Dy wie tige rûch yn 'e mûle. Op in dei hied er oan 't dekken west op ien fan 'e plaetsen fan 't Bomkleaster. De jouns, doe't it dekken dien wie, gong er boven op 'e nael fan 'e skuorre sitten en doe rôp er: "Nou bin 'k net bang, foar de duvel net!" En dêr flokte er by.
Doe gong er nei hûs ta....
nl.verhalenbank.28599
Imke de Jong kroep op Drachtster merke troch in kachelspipe hinne. Mar ien fan Feansterheide seach, dat hy der by lâns krûpte. Hy joech Imke in slach foar de kont en sei: "Dû mast der ek ècht trochkrûpe, dû mast de minsken net bidonderje."
nl.verhalenbank.22098
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?"
Ja, dat wie der wol.
"Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Op in freed wie heit ris op it Saeilân yn Ljouwert. Doe krûpte dêr in man troch in balke hinne, dêr stienen in hiel soad minsken nei to sjen. Doe kaem Jehannes Meerstra der by. Dy sei: "Minsken, lit jimme net forifelje!" Hy skopte tsjin 'e balke oan en doe wie 't allegearre strie ynpleats fan in balke, dêr't de man trochhinne krûpte.
nl.verhalenbank.31150
It gebeurde froeger us in kear, dat guon mei elkoar us hwat oan 't dominearjen wienen. (flokke, raer dwaen en sa.) Doe kom der in swart ding oan. Dat ding hie 't op ien fan dy mannen bigrepen. Dat wie Sytse Jager. Dy woarde samar opnom en in ein fuort smiten, tichte by in dobbe. Sytse wie sa binaud, dat hy gong fan binaudens yn dy dobbe. Hy wie sa...
nl.verhalenbank.19980
By de lytse Wei yn 't Leech yn Droegeham wenne Harm Schievink.
Dy hie us op in nacht to murdejeijen west. Hy gong wer op hûs yn. Doe't er op 'e Lytse Wei wie, kom der in dikke swarte houn njonken him to rinnen, deun tsjin him oan. Dy bleau mar njonken him en dy bleau mar njonken him. Doe't er thúskom en ta de doar yn woe siet dy houn der foar op 'e...
nl.verhalenbank.26236
Doe't hjir yndertiid de earste gelovigen kommen, mienden se, dat se earst troch in kachelspipe krûpe kinne moesten, oars koenen se net ta it geloof komme.
nl.verhalenbank.21160
Der wie ek ris ien op 'e merke, dy krûpte troch in balke hinne. Mar doe wie der in man ûnder 't publyk, dy sei: "Dû krûpst der net troch. Ik sjoch dy wol. Dû sist der boppe op. Dêr biste, bliksem." En doe joech er dy man in slach mei de stok.
nl.verhalenbank.27010
De boer en de frou wienen fuort, de faem wie allinne thús.
Doe kommen dêr rovers, mar de faem woe se der net ynlitte.
Doe groeven dy rovers in gat ûnder 'e muorre troch. De faem hie in sabel en doe't de earste syn kop ûnder 'e muorre troch hie, houde se dy kop der ôf. Doe luts se it lichum fan dyselde ta 't hûs yn. Sa hat hja àl dy rovers deamakke en ta...
nl.verhalenbank.27038
Ek us in kear, doe kom Jehannes thús, doe sei er: "Nou ha se my hwat oanret, dat helpt: Twa nije nuddeltsjes matte krúst boven de bêdsplanke yn 't hout set wurde. Hwant in nachtmerje mat troch de allerlytste gatsjes, en dêr kin se noait troch."
In nacht of hwat gong it goed, mar doe wie 't wer mis. Doe hie de nachtmerje Jehannes wer topakken.
nl.verhalenbank.22218