Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw in slangekoaning sjoen by de Hearrewei. Hy droech in kroantsje op 'e kop. Ik wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.32611
Ien trape us in kear op in slangekoaning. Dy hie in kroantsje op 'e kop. Doe pipe dy. En doe kommen der in hiele protte slangen út 'e bosk weisetten. Dy woenen de man oanfalle. It wienen ek noch forgiftige. Doe hat dy man syn jas útlutsen en dy smiet er de slangen ta. Sy ha dy jas alhielendal forskuord. De man is hurd útnaeid. De jas hie syn redding west.
nl.verhalenbank.20500
Keujes hemme soms ’n werborsel. Da’s ’n kreunje [kroontje] ien ’t huier opte rug. De hörkes ston dor nor alle kanten uut. Ge kun ze nie over de rug geliek strieke. De minse zèje, da keujes met ’n werborsel ’t altied bes deje. De koplui en de boere waren ’r gek op, as ze jonge keujes moste kope. ’t Ware bar goeie keujes. Ze zouen ’t bes doen.
nl.verhalenbank.50432
Der binne slangen dy drage in kroantsje. Sa'n slang is de slangekoaning. As dêr ien op trapet is 't net bêst. Dan bigjint er to fluitsjen en dan komme der fan alle kanten slangen tasetten.
Deselde dy't op him trape hat mat dan gau meitsje dat er fuort komt. Ik ha wolris heard dat se yn sokke gefallen de jas wol ris útlûke en dy de slangen tasmite. Dan...
nl.verhalenbank.36006
In slangekoaning draecht in kroantsje op 'e kop. Dogge jo in slangekoaning hwat, dan pipet er en alle slangen komme op jo tasetten. Dan matte jo har gau in bûsdoek tasmite, oars rêdde se mei jo, hwant der komme hûnderten slangen.
As jo hoepelslangen pleagje, krije se de sturt yn 'e bek en sa komme se op jo ta.
nl.verhalenbank.25505
Ik ha wol us in slange sjoen mei in kroantsje op 'e kop yn 'e bosken fan Frankryk.
As men de koaning fan 'e slangen deamakket, giet men sels ek dea. Dan komme der wol twahûndert slangen delsetten, dy't jin fan alle kanten bite. Krekt as hwannear't men de koaning fan 'e bijen deamakket. Dan stekke de oare bijen jin dea.
nl.verhalenbank.19377
Yn 't wetter hat men hoepelslangen. Dy hoepelje ûnder wetter. Ik haw ris ien kear sa'n slang sjoen. Hy biet samar in iel yn twaën.
In slangekoaning is in slang mei in kroantsje op 'e kop.
nl.verhalenbank.37946