Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op Burgumerdaem stie in herberch. Dêr wenne Jehannes Kramer yn. Dikke Taeke moest omke tsjin him sizze.
Der wienen in stik of hwat mannen yn 'e kroech, dy kamen hjir net wei. Taeke wie dêr ek. Dy gnyske sa'n bytsje. Dat die er wol faker, mar alhiel net willemoeds. Mar dy mannen tochten dat er har de gek oanstuts. Sy hellen it mes foar 't ljocht en soenen...
nl.verhalenbank.36729
Yn Burgum is it wol meardere kearen gebeurd dat der ien smiten woarde. Sokken sieten dan earst yn 'e kroech en seinen dat se nergens bang foar wienen. Oaren seinen tsjin sa'n ien:
"Jonge, tink der om, dû mast nei hûs ta." Dan sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." Even letter, út 'e herberch, woarde hy smiten links en rjochts, fan 'e iene kant nei de oare.
nl.verhalenbank.27646
Folkert Paulusma wie yn 'e mobilisaesje fan 1914-1918 ûnder tsjinst yn Brabân. Op in joun siet er mei oare soldaten, sa fortelde er yn 'e herberch. De kastlein wie der ek by.
Doe sei de kastlein: "Sil ik ris in kompie soldaten opkomme litte?"
"Ja", seinen se, dat woenen se wol ris sjen.
Folkert sei: "Wy sieten mei elkoar by de tafel. Doe kaem de iene...
nl.verhalenbank.31605
It wie rounom wol bikend dat de potskippers van der Meer ôfgryslike sterk wienen. Mar ien kear ha se har master foun.
Heit fortelde dat se har stamtafel hienen yn 't café, midden yn 'e buorren fan Sumar. Dêr mocht net ien oars oan dat taffeltsje sitte, dat wie harres.
Op in sneintojoun kaem dêr in keardeltsje; 't wie mar in bihyndich mantsje. Dy gong dêr...
nl.verhalenbank.31979
Rinse Tryn wie de mem fan Folkert Formsma. Hja wenne yn Sumar en wie ôfgryslike sterk. As it froeger Sumarre merke wie kamen dêr de minsken fan wit hoe fier wei.
Dan siet de herberch (dy't doe tsjin 'e moune oer wie) altyd fol en dan gong it der somstiden bot oan wei. Dan hie de kastlein altyd Rinse Tryn by de hân. Tryn holp dan altyd. Wienen der guon...
nl.verhalenbank.31603
to Tsjom hienen se in hiele greate hege toer boud. De Boarnsters woenen ek in toer bouwe en omdat se net foar de Tsjommers ûnderdwaen woenen gongen der guon út Boarn nei Tsjom ta om de hichte fan 'e toer to mjitten. Hwant hja woenen in toer ha dy't op syn minst like heech wie.
Doe't se de lingte fan 'e toer metten hienen, gongen se nei 't kafé ta en...
nl.verhalenbank.31617