Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger wie hjir in âld reed, dêr stienen in pear cafékes oan. Ien fan dy cafékes wie fan Frâns ten Bergen en C. Hester.
Dy kroechjes, dêr hâldden se yndertiid spyljen en dânsjen yn.
Myn omke, dat wie Teade-spylman, dat wie in soan fan beppe Gjetsje, dy't sa sterk wie. Dy spile dêr faek. Hy hie trije susters: Minke (dat wie myn mem), Siuwke en Teatske....
nl.verhalenbank.28844
Wy ha as bern wol nei de Grinzer klaei ta west om to flaechsteppen. Dêr wie ek in man by fan Burgumerheide, dat wie in sekere Jouke. Dy fortelde al us: Doe't ik jong wie, wie 'k in raer man. Ik gong faek nei Feanwâldsterwâl nei de kroech. Dêr gong 't op in sûpen en kaertspyljen. En dan sweare en flokke dat it raer wie.
Mar op in kear, doe't ik wer út 'e...
nl.verhalenbank.23424
Der wie in feint dy wie och sa ûnforskillich. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Sûpe as in kreupel. Op in kear hied er yn beide herbergen fan Twizel west. Dêr hied er 't raer opsein. Hy wie foar de duvel net bang, sei er en dat wie sweare by dit en by dat.
Doe wied er dêr wei kom en doe hienen se him de oare moarns in pear stikken lân fan 'e wein ôf foun,...
nl.verhalenbank.33436
Ik haw wolris heard dat guon smiten woarden troch de duvel, as se yn 'e kroech sitten hienen en it raer opsein hienen.
In sekere Wyberen fan 'e Westerein hie ek yn 'e kroech sitten.
Doe't hy der yn 'e nacht út kaem wie er dronken. Hy hie oeral de spot mei hawn. It frear dat it ongele, it wie dik winter. Doe is Wyberen smiten woarn. Hy is yn in burd...
nl.verhalenbank.38634
Der wie in douweleafhawwer, (in duivemelker). Dy man mocht graech in gleske bier. Hy wie hwat selskipswiet en syn wiif, dat in echte fekke wie, koe dat net útstean.
Op in kear gong er nei 't douwelokael ta mei syn douwen en dêr bleau er ryklik lang.
De frou, in echte duvelinne, krige dêr har nocht fan.
Hja tocht: "ik sil him ris goed bang meitsje."
Doe...
nl.verhalenbank.28635
Hjir binne ek faek guon troch de duvel smiten woarn, as se út 'e kroech kommen en rare wurden brûkt hienen.
nl.verhalenbank.28838
Der wie ien dy kaem út Twizel wei. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie 't hiel raer dien. Hy hie him bot tjirge en hy hie flokt as in ketter. Hy kaem dy jouns net wer thús.
De oare moarns founen se him ophinge, in ein de lânnen yn. 't Wie oan 't Wyldpaed.
De duvel hie him dêr ophong.
nl.verhalenbank.22155
Taeke Alma fan 'e Harkema wie sahwat de raerste fan hiel Harkema. Op in kear kaem er fan 't Jachtfjild. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie sein, hy wie foar gjin duvel bang. Doe is er smiten woarn oer de Lange Wyk hinne oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.10680