Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Deselde kedde ried in kear mei dong fan 'e skerne.
It dongsté wie tige glêd. It dier koe noait de wein mei dong út it skerngat krije. Hy gliid hyltyd út.
Dat gebeurde wol fjouwer kear. Doe koe pake it net langer oansjen. Mem seach dat er de kedde foar de wein weihelle en dat er de hannen oan 't tiksel sloech en alhiel allinne de wein út it skerngat luts.
nl.verhalenbank.32216
Myn pake, Fokke Veenstra, wie tige sterk. Hy wenne yn 'e Westerein. Op in kear kaem er mei hynder en wein út 'e Sweager Mieden. Doe wienen dêr in stik of 8 man by 't spoar oan 't wurk. Se seagen pake oankommen. Doe seinen se tsjin elkoar: "Soe Fokke werklik sa sterk wêze as se sizze?" Dat woenen se wolris witte. Doe tilden se mei har achten in rail op en...
nl.verhalenbank.32214
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy hie frege nei in bepaelde persoan. Hy woe graech wite hwer't dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech beet krige en him optild en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er." Hy wenne yn Droegeham.
nl.verhalenbank.29533
Yn Bûtenpost wenne ek in hiele sterke keardel. Ik ha sels sjoen hoe't er de wein mei dong al hielendal allinne út it skerngat weiluts nei't er it hynder der foar wei spand hie. Hy woe net lije dat it hynder it die.
De namme fan de man wit ik net, mar hy wenne oan diz kant de timmerfabryk fan van de Witte (doe molkfabryk). Dy man hie alle wylde hynders yn...
nl.verhalenbank.29534
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.22691
Keke moest nachts faek út bêd wei. Dan waerd er dreaun, seinen de minsken. Us hat er wolris forteld, dat er it wol hawn hie, dat er net woe, dan wied er lizzen bleaun.
Dan hie 't krekt west as waerd er stutsen mei spjelden en dan wie 't swit him útbrutsen.
Guon ha him troffen by nacht. Dan stienen de spoarhekken foar him iepen.
nl.verhalenbank.29513
In omke fan my, èk in Sipma, wie ek tige sterk. In fetfol petroalje fan sa'n trijehûndertfjirtich poun sette er samar op 'e wein. Dan sette er de knibbel der ûnder.
nl.verhalenbank.25847
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?"
Hearke tilde de ploech op en wiisde der mei nei 't hûs. "Dêr wennet er", sei er.
Doe wist dy man fuort hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.25846
Pake Fokke hie twa soannen. De iene hiet fan Eibert, dy hat ûnder tsjinst west. De oare hiet fan Jelle.
It wienen sterke beulen fan sa'n 19 à 20 jier. Se hienen wolris rúzje ûnder elkoar. Op in kear sieten se by de tafel, doe waerden se ek wer deilis. Doe pakte pake se by 't boarst en sette se beide stiif tsjin 't sket oan. Doe wienen se stil.
nl.verhalenbank.32219
Pake hie in stik lân, dat roan by de spoarwei lâns oan 'e greid ta. Dêr wienen âlde diken omhinne.
Op in joun roun pake it hiele stik lân yn 't roun. De houn hied er by him. Ynienen blafte de houn. Pake dêrhinne. Doe wienen dêr twa mannen, dy hellen de jonge ikebeamkes fan 'e diken om dêr knipers fan to meitsjen en dy út to suteljen. Heit kaem by de beide...
nl.verhalenbank.32220
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham.
Hy wie us in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in keardel by him, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege optild. Dêr hie er mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er." Doe wist de man genôch, hy frege net mear.
Hy hie mei in âld hynderke sels de ploege oanskoud. Dêrtroch koed...
nl.verhalenbank.25198