Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
114 datasets found
Dutch Keywords: kracht Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
By Sterke Hearke soe in baerch slachte wurde fan fjouwerhûndert poun. De baerch rekke fan 'e slachtbank ôf. Doe krige Hearke syn dochter Rixt de baerch by de boarstels en sette him wer op 'e slachtbank.
nl.verhalenbank.21330
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net. De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk. Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355
In omkesizzer fan Hearke wie ek omrake sterk. Dy wenne yn 'e Harkema. Dy stuts samar in pipegael oan ien stok rjocht foar him út.
nl.verhalenbank.20832
Sterke Hearke hat de ploech ris omheechtild en foarútstutsen, doe't der ien him frege hwer't Sterke Hearke wenne.
nl.verhalenbank.25751
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út. Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
nl.verhalenbank.26138
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn den Helder. Der leinen twa swiere ankers by de kaserne. It iene woech sawnhûndert poun, it oare fjirtsjinhûndert. Der wie in sterke keardel, dy tilde op in kear it anker fan sawnhûndert poun op. Mar Hearke wie noch mear mâns. Dy tilde dat fan fjirtsjinhûndert poun op. Doe't er dat die, barstten him de soallen ûnder 'e...
nl.verhalenbank.20830
Hearke hie ris op in kear op it lân oan 't ploeijen west. Dat wie yn 't Leech, dêr't noch in gedielte fan 'e âlde Mûzegroppewei oerhinne rint. Doe kom dêr in man oan. Dy sei: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" Hwant hy woe wol mei Hearke wrakselje. "Jawol," hie Hearke sein, "sjoch, hjir stiet de man en dêr wennet er." En doe hied er de ploege mei ien...
nl.verhalenbank.32763
Op it Bomkleaster stiet in boereplaets, dêr wennen earen trije bruorren, Bindert Japiksjonges woarden se neamd. 't Wienen alle trije âld-feinten. Us heit syn heit arbeide dêr en heit wie dêr lytsfeint. Sterke Hearke wie dêr ek arbeider. Op in kear wienen se oan 't siedriden west. Doe wie 't gebeurd dat der noch in hiel dik foer sied bûtendoar stie. Dat...
nl.verhalenbank.32762
Hearke wie in kear achter syn hûs by de poel oan 't baggeljen. Syn soan Egbert wie der by, dy holp him. De bak siet fol klyn. Dy klyn moest út 'e bak weiskept wurde en oer 't lân struid. Mar doe wie der to min rûmte, der wie gjin plak mear foar de klyn. Doe moest de bak forlutsen wurde oer it lân. Hearke hie de heak krige en dy yn 'e kram set en doe hie...
nl.verhalenbank.20831
Hearke sels kroade mei sân achter op 'e tún. Dat kroade min, dan krige er soms de kroade mei sân op 'e earm en sjoude him nei hûs.
nl.verhalenbank.26139
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him: "Hwer wennet sterke Hearke?" Doe hat Hearke de ploege krigen en útstutsen. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25150
Sterke Hearke en syn suster wennen togearre. Sy kommen us op in plak dêr wie folk dwaende mei in grouwe beam op 'e wein to laden. Mar sy koenen 't net oprêdde. Doe sei Hearke: "Gean even út 'e wei." Hy en syn suster nommen togearre de beam op en leinen him mei gemak op 'e wein.
nl.verhalenbank.24886
Hearke hie ieren op earm lizzen, dy wienen sa grou as achterbinen.
nl.verhalenbank.32766
It mat gebeurd wêze by Freark Oosterbaan yn Droegeham. Dy wie dêr smid en hy hie der tagelyk in kroechje by. Om 11 ûre moest de saek sluten wurde. Dan moest it folk der út wêze. Hearke wie stille plysje en moest dêr op tasjen. Mar Hearke seach net op in kertier, dat it woarde meastal wol eefkes letter. Mar op in kear doe wie 't fòlle letter woarn, doe...
nl.verhalenbank.32767
Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der twa man by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploege op en hy wiisde der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24887
Hwannear't Hearke dong laedde sette er dat yn seis stikken op in boerewein. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.25151
Der siet in hiele grouwe stien yn 'e groun. Dy hat Hearke der pûr allinne úthelle en him op in plak op it lân brocht.
nl.verhalenbank.16943
Sytse Jager wie ek ien, dy't midden ûnder 't jongfolk altyd mar flokte en swearde en swetste. Doe is er ienkear samar oer de diken smiten woarn. Dat hat de kweade dien.
nl.verhalenbank.15537
35