Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hy hat ek ûnder tsjinst west yn Den Helder. Dêr hie er in great hekel oan, hy woe graech wer nei hûs ta. By de kaserne lei in anker fan 1400 poun. Dat hat er dêr in ein fan 'e groun tild. Doe't er 't wer delsette wienen de soallen him ûnder 'e skuon wei gong. Hy frege doe of er frij mocht fan 'e tsjinst, dan soe er dat anker om 'e hiele kaserne...
nl.verhalenbank.32238
As ien tige sterk wie, dan plichte er to sizzen: Ik bin famylje fan Sterke Hearke. Dat wie in bikend sechje.
nl.verhalenbank.21899
Sterke Hearke wie hjir ris oan 't ploeijen.
Doe kom der in man om utens wei, dy hie fan Hearke heard.
Hy woe wolris mei him prate. Hy gong nei 't hûs fan Sterke Hearke ta. De frou sei tsjin him: "Sjoch, dêr is er, hy is oan 't ploeijen."
Doe gong dy man nei Hearke ta. Hy bearde dat er net wist dat it Hearke wie en frege him oft er ek wiste hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.36049
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom."
Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde."
Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
De sterkste keardel dy't ik kend ha wie Berga, de plysje fan Grypskerk. It wie de soan fan Albert Berga fan Haulerwyk. Hy wie de helte sterker as in oar. It wie in greate, grouwe keardel. Doe't er sawntjin jier âld wie, woech er twahûndert poun en wied er twa meter lang. Hy hat ek plysje west yn 'e Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.28139
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst to Ljouwert. By de kaserne lei in anker, dat woech tûzen poun. Hearke krige it beet en tilde it op. Doe wienen de naden út 'e skuon barst.
Doe hied er sein tsjin 'e kaptein, as se him frij lieten, dan soed er 't anker om 'e kaserne hinne drage.
nl.verhalenbank.27585
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Doe kom dêr ris ien, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne.
Hy kom tafallich by Sterke Hearke op 't lân wylst dy oan 't ploegjen wie. Dy frege er.
Hearke sei: "Dû fregest nei Hearke? Wel, dêr wennet er en hjir stiet er." En doe hied er de ploech rjochtút stutsen.
nl.verhalenbank.27584
Der wie ris in keamerfol folk by de kastlein yn Bakkefean. It folkje wie bot roerich, it gong der allerheislikst oan wei. De kastlein koe se net baes en hy rôp Ynse der by.
Ynse hie der net folle wurk mei. Hy hie in pear ûnder 'e earm krige en sa der út brocht. Sa hied er de taep samar leech.
nl.verhalenbank.25653
Sterke Ynse fan Bakkefean kom us in kear op 'e Drachtster merke. Dêr stie in krachtmeter. Ynse krige de hammer en sloech der mei ien earm mei. De hiele krachtmeter sloech er plat tsjin 'e groun.
Doe sei de man fan 'e krachtmeter: "Aldergeweldichst, hwer komt dy slach wei?"
"Fan Bakkefean", sei Ynse.
nl.verhalenbank.25652
Sterke Hearke wie arbeider by de Kloostermannen op Bomkleaster. Hy wie ris in kear oan 't ploeijen op 't lân. Doe kom dêr in man, dy woe wol mei him wrakselje. Dy seach him dêr oan 't wurk. Dy frege him of er ek wist hwer 't Sterke Hearke wenne.
Hearke nom de ploege yn 'e hân en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.25650
Greate Pier wie ris oan 't ploegjen. Der kom ien by him op 't lân. Hwer wennet greate Pier? frege dy.
Greate Pier krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op en sei: "Dêr wennet er", en doe stuts er de ploech rjocht foar him út. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36189
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kommen der in pear mannen oan dy bleauwen by him stean to praten. Sy woenen wite, hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke stie even stil. Doe heakke er de hynders út, krige de sturt fan 'e ploech beet en tilde de hiele ploege op en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege it hûs oan.
nl.verhalenbank.24375
De plysjes moesten in man opbringe. Dy wie ôfgryslike sterk en hy stie gau mei 't gewear klear. Der gongen twa plysjes hinne, mar dy koenen him net baes wurde.
Dat doe gongen se hinne en fregen Sterke Hearke of hy der hinne woe. Hearke wie 'onbezoldigd' veldwachter.
Hearke gong nei him ta. "Kom mei, jonge, mast even mei komme", sei Hearke en hy krige him...
nl.verhalenbank.25651
Op in kear wie Hearke yn 't Leech oan 't ploegjen. Dat wie tsjin it hûs oer oan 'e Lytse Wei, dêr't er wenne. Doe kom der in sterke keardel by Hearke, dy woe wol witte hwer't Hearke wenne. Hy koe Hearke net.
Doe sei Hearke: "Dêr wennet er." En hy stuts de ploege rjocht foar him út. "En hjir stiet er", sei er, en doe wiisde er op him sels.
nl.verhalenbank.28167
Sterke Hearke hat us by in boer op it Bomkleaster pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. De boer woe 't net leauwe, doe't se it him fortelden, mar doe is er der hinne gien en doe seach er in pear soallen fan skuon op 'e skerne lizzen. Hy naem se yn 'e hannen. Dy soallen wienen fan Hearke syn skuon. Dy wienen der ûnder 't lûken ûnderwei barst.
nl.verhalenbank.21208
As se ien opbringe moesten nei de gefangenis en 't wie hwat in gefaerlik man, dêr't de plysje it net op stean hie, dan rôpen se Sterke Hearke om dat karweike op to knappen. Ek as der ien gek woarn wie, woarde Hearke helle. Dy koe se allegear baes.
nl.verhalenbank.28166
Jan Gutman fan Surhústerfean mat ek ôfgryslike sterk west ha. It gebeurde dat der in busfol ierappels weisakke yn 'e bou, ergens op 'e klaei.
Doe sette Jan de rêch der ûnder en tilde de auto sa op - doe koenen se wer fierderride.
nl.verhalenbank.28172
Hearke hat yn De Helder ûnder tsjinst west. Dêr lei in hiel great anker fan fjirtsjinhûndert poun. Hy bea de kaptein oan, hy soe it twa kear om 'e kaserne hinne sjouwe, as er dan frij fan 'e tsjinst mocht. Mar dat krige hy net gedaen. Sy woenen 't net lije. Mar hy hat it anker àl optild. Doe't er it die barstten him de soallen ûnder 'e skuon wei.
nl.verhalenbank.28170
Hearke luts in weinfol dong samar allinne fuort.
nl.verhalenbank.17587
Op in kear doe wie der in keppeltsje jongfolk by Kromelle. Dêr wie Anne Beamke ek by. Dêr kom Hearke oan. Dy soe nei de faem ta. Mar dat woenen dy fan 'e Harkema net lije.
Anne Beamke woe Hearke keare. Hy krige Hearke beet.
Mar doe sei Hearke: "Ik bin 't wend earst to fûstkjen foardat wy fechtsje." Doe krige er Anne Beamke by de hân beet en knypte dêr sa...
nl.verhalenbank.28171