Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Harm die noait in slach en hy seach der út as de earmste bidler. Hy kocht in hûs op Hanenburch. Doe moest er nei notaris ta. Notaris tocht: "Harm hat net in dûbeltsje."
Hy moest in pear bargen ha. Dat hied er tsjin Harm sein. Harm hie de pong út 'e bûs krige en sein: "Ik ha gjin boarch, mar dit is de boarch."
Doe hied er de notaris fuort bitelle.
nl.verhalenbank.23902
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
We wonde vroeger ien de Langstroat. Thuus hadde ze ’n keer ’n geit verkoch, on Pelkman ien de Kommerdiek. Toe ze de geit nor zien nijje huus brochte, kwam vrouw S., die ze vör ’n heks verslete, d’r achterop. De minse, die ’t zage, zèje: “Die geit zal wel kapot goan”. En da gebeurde ok no ’n wèk of drie.
nl.verhalenbank.49675
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
In Kampen waren de mensen zeer rijk. Maar 1 probleem, ze hadden geen kerktoren en dat hadden ze in dat arme Zwolle wel! Maar de Zwollenaars werden steeds armer en de Kampenaars werden steeds rijker, dus op een gegeven moment moesten de Zwollenaars die klok wel verkopen. Dus uiteindelijk hadden de Kampenaars een klok, maar die luidde vreselijk vals, zo van...
nl.verhalenbank.19297
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje.
De earste spuide in dikke rachel.
De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker.
Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Bûten Bûtenpost stiet in herberch: De laatste Stuver.
Dy herberch hat sà syn namme krigen. Der wenne yndertiid in kastlein yn, dy mocht graech in buorrel en syn wyfke krektengelyk. Dat kom de saek net to'n goede. It kaem safier, dat doe't de drankleveransier kom, doe koenen se him net bitelje. Sy seinen tsjin 'e drankleveransier: "Dat komt, de lju dy't...
nl.verhalenbank.17697
Duveldrek dienen se froeger ûnder 'e drompel foar de tsjoensters. Hja kochten it by David Flud (= D. de Vrieze). Ik stie dêr ris yn 'e winkel, doe kaem der in dikke keardel oan, dy mankearde altyd fan alles. It wienen dêr grapjassen by David Flud.
"Hoe is 't mei de pisser?" frege David.
"Aerdich goed, mynhear", sei de man
"En hoe is 't mei de stuiter?"...
nl.verhalenbank.36659
Us mem hat us in pleachbeest njonken har hawn. Sy hie in heal brea ophelle by jountiid fan 'e bakker. Sy droech dat ûnder 'e linker earm. Yn 'e oare hân hie se de slútkoer.
Doe kom der in dier op har ta, dat wie folle grouwer as in houn. 't Hie hiele greate, gleone eagen.
Mem wie stjerrend binaud. It dier roan oan 'e kant dêr't se it brea droech.
Doe hie...
nl.verhalenbank.15902
In Rithem (Zeeland) woonde een boerinnetje, dat erg op geld gesteld was. Ze melkte de koeien en verkocht de melk. Op een dag ging zij er een beetje water bij doen uit de put en later een beetje meer en nog een beetje meer, want zij wou zo graag een paar gouden strikken aan de krullen van haar kap hebben.
Op een gegeven moment had ze genoeg geld en ze ging...
nl.verhalenbank.25427
Mijn moeder en in nicht fan hoar die woaren is met anderen te flaechsteppen bij een boer in Zoutkamp. Het was niet één boer, moar it woaren twee frijgesellen met een frijgesellenmeid.
Op een morgen sei die nicht tegen mem: "Ik he fannacht een klein kind hoord. Een heel fyn gelút. 't Kwam uut 'e goal. Hestou niks hoord?" sei se tegen mem.
"Né", sei mem....
nl.verhalenbank.26879
Wratte, die mos je verkope voor geld. Je had vroege bij ons een vrouwen die kocht ze voor een of twee cente. En dat hielp ok! Je kon wratte ok inwrijve met de binnekant van een grote boon.
nl.verhalenbank.70632
Twa kooplju út 'e Westerein wienen om handel út. Hja rieden yn in auto oer de ôfslútdyk en doe kommen se by in café.
Dêr stoppen se en kochten in kop kofje.
De kastlein sei: "Kooplju?"
"Jonge ja", seinen se.
"Is der noch hwat to finen?" frege de kastlein.
"'t Is sykjen," seinen se, "wite jo soms noch hwat?"
"Hjir wie juster in man, dy hie in pear moaije...
nl.verhalenbank.28459
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen.
Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen.
"Hast al plak?" frege se my.
Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt."
Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Der wurdt ek wol sein, dy't in helm kocht hat en yn syn bisit hat, dy is kûgelfrij. Yn de regel wurdt de helm forkeard ôflutsen. De helm is in lyts trijehoekich stikje fel. It mat nei boven ta lutsen wurde. Dan krijt it bern gjin lêst en hoeft er letter neat to sjen. Mar gewoanlik lûke se it nei oerdwars ta ôf....
nl.verhalenbank.21050
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?"
Ik sei: "Ik ha gjin sinten."
"Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep.
Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen."
Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059
Guon dy't mei de helm geboaren binne, binne kûgelfrij.
De froedfroulju, dy't de bern heine, knoffelen faek sa'n helm achterút, as se 't rêdde koenen. Us mem hat it wol meimakke, dat se dat dienen. Sa'n helm wie in protte jild wurdich. As in sékaptein sa'n helm hie, dan soe syn skip op sé noait forgean, al stoarme it nòch sa.
Ofsieren kochten dy helms ek,...
nl.verhalenbank.38139
Geale-om hie ek faek lêst fan in nachtmerje. Dy wenne hjir yn 'e Westerein. Doe wie der ris ien, dy rette him oan, hy moest moal struije op 't gesicht en op 'e tekkens. Doe hat er dat dien en de oare deis, doe siet der in fanke by de tafel. Dy koe net wer fuortkomme hwant sy hie moal oan har.
It wie ien fan Sikke Boukes froulju, tige rike lju.
't Wie wol...
nl.verhalenbank.29756
Minse Griper en syn kammeraat hienen togearre sa'n toverboek kocht. Sy retten der om by hwa't it boek wêze soe. Doe wie myn omke sa ûngelokkich, dat hy der oan fêst rekke. Hy koe 't noait wer kwyt wurde. As er it forbrânde, dat joech him neat. Hy hat der sa lang as er libbe oan fêst sitten.
nl.verhalenbank.17647
Ik wie ris oan 't fervjen by Sjoerd Visser yn Bûtenpost.
Syn heit Gjert Visser wie hjir geboaren en getogen dat wy koenen skoan meielkoar prate. Wy krigen it oer tsjoenderije ensa. Doe fortelde Sjoerd my: "Myn heit Gjert Visser hie hwat buorkerije en tagelyk wied er ek sa'n bytsje fékoopman.
Hy hie ris trije biggen kocht: twa swarte en ien witen-ien. Dy...
nl.verhalenbank.28702