Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: kop Narrator Gender: male Place of Narration: Drachten
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe. As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Feitse Brants wie us op in kear by in boer oan 't meanen. Hy koe tige meane. Hy hie hûndert pas meand en hie noait opsjoen. Doe wie 't ynienen 'krak'. Hy meande de kop fan 't harspit ôf. Hy struts de seine wer en bigoun opnij to meanen.
nl.verhalenbank.25386
In âlde séman, in Brabander, fortelde my: Wy ha 't hawn, op 'e oséaen, doe kom der hwat ta 't wetter út. Dat wie sa'n great ding, 't hie de kop wol healwei de mêst. De kaptein sei: "Dat is in séslange."
nl.verhalenbank.24932
Tichte by Surhústerfean, oan 'e Groninger weg hat men de Klaes Simensdaem. Dêr stiet in buorkerij by, in eintsje it lân yn. Dêr op 'e Klaes Simensdaem, is it sizzen, dêr spûket in hynder sûnder kop.
nl.verhalenbank.36954
Der wie in mier, dy swetste wakkere bot oer syn meanen. Net ien dy't sa goed meane koe as hy, sei er. De duvel net iens. Mar doe wied er ris in kear wer oan 't meanen doe kaem der ien njonken him, dy meande ek, en dy rekke him foar. Mar doe wie 't ynienen 'krak'. Dêr meande dy oare de kop fan it harspit ôf, dat dêr stie. Doe wist er, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.37136
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net. Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
nl.verhalenbank.23625
As der in fôlle geboaren wurdt, hinget de boer de ham fan 't hynder heech yn 'e beam. Hwant dan kriget de fôlle de kop heech yn 'e loft.
nl.verhalenbank.23998
De slangekoaning is de baes fan 't fjild. Hy hearsket oer alle slangen en draecht in kroantsje op 'e kop. As der gefaer wankt yn 't fjild, dan fluitet er, en dan komme alle slangen der oan en falle deselde oan, dy't de slangen kwea dwaen wol.
nl.verhalenbank.26131
Hoe't de ezel der kommen is It hynder hat de kop omheech, mar de ezel net. Dy hat de kop rjochtút of hy lit him hinhje. Hoe't dat sa komt, en ek hoe't der ezels op'e wrâld kommen binne - want dy wienen der earst net—seit it neikommende ferhaaltsje. Der wie ris in jierrich âldfeint en dy hie in hynder. Dat mantsje wie fierstente goed foar dizze wrâld en...
nl.verhalenbank.14623
35