Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der hat froeger in wrede koaning west, dat wie Herodes. Dy hie in leger, dat wie altyd oan 't moardzjen.
Dat wie God slim tsjin 't sin.
"Ik sil jim sjen litte, dat ik der ek noch bin, ik sil in teken jaen", sei er.
Doe liet er it bloed fan 'e ûnskuldigen falle op 'e beantsjes.
Sûnt sitte der op dy beantsjes altyd swarte plakken.
nl.verhalenbank.27019
As men de koaning fan 'e njirren deaslacht, dan bigjint er to fluitsjen. Dan komme alle njirren op jin ôf.
nl.verhalenbank.24001
Ik ha wol us in slange sjoen mei in kroantsje op 'e kop yn 'e bosken fan Frankryk.
As men de koaning fan 'e slangen deamakket, giet men sels ek dea. Dan komme der wol twahûndert slangen delsetten, dy't jin fan alle kanten bite. Krekt as hwannear't men de koaning fan 'e bijen deamakket. Dan stekke de oare bijen jin dea.
nl.verhalenbank.19377
De slangekoaning is de baes fan 't fjild. Hy hearsket oer alle slangen en draecht in kroantsje op 'e kop. As der gefaer wankt yn 't fjild, dan fluitet er, en dan komme alle slangen der oan en falle deselde oan, dy't de slangen kwea dwaen wol.
nl.verhalenbank.26131