Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Foar âlde Minne Ael wienen guon spookbinaud. Omdat sy de bern bitsjoende, nei't se mienden.
Guon seaden spjelden yn in griene têst oer 't fjûr. Dan hie de tsjoenster gjin macht mear oer 't bern, seinen se.
Der is in foardracht fan froeger, mei dizze wurden:
Ik ried dy oan en doch dyn bêst:
Sied spjelden yn in griene têst!
nl.verhalenbank.27380
Feije Wagenaar en lytse Ljibbe wienen twa kameraten. Sy wennen yn Burgum. Feije wie nochal hwat oan 'e drank. Ljibbe wie fûger en Feije wie metseler.
Op in kear wienen se togearre it fjild yn, 't wie yn 'e winter. De iene sei tsjin 'e oare: "Ik forrek fan 'e honger." Sy wienen krekt by in boereplaets. Ljibbe sei: "Sil ik ris nei de boer ta gean om to...
nl.verhalenbank.28338
Yn Twizelerheide wie in jonkje, Gjalt, dy wie bitsjoend troch âlde Bouke. Bouke hie popkes yn 'e hûs, dy stuts er mei in nuddel ûnder 'e fuotten.
Sy ha Gjalt syn wetter sean mei nuddels en spjelden der yn.
Doe wie der ien foar de glêzen kom en dy hie hiel bot jankt. Dat wie âlde Bouke.
Gjalt hie katersbloed krige omdat er bitsjoend wie.
Alde Bouke koe him...
nl.verhalenbank.28834
Ik haw in broer, dat is Gerke Lijzinga. Doe't dat in jonkje wie, woarde er bitsjoend.
Der wie in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy joech him us in hiele grouwe apel. Mar mem ûntkrige him dy apel en lei him yn 't kastje tusken de bêdsteden yn. Doe kom dêr in hiele grouwe pod út.
Doe is heit nei Warten en Wergea west. Dêr wenne in âld frou, dy hat wol mear...
nl.verhalenbank.28446