Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: knijpen
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
De frou har beppe hat ek us in nachtmerje by har hawn. Der kom hwat op har. Hja wachte even, gong op 'e rêch lizzen en pakte ta. Hwat stiver hja de hân taknypte, hwat flugger de nachtmerje fuortglide.
nl.verhalenbank.21718
In nachtmerje wie in frommeske. It slachtoffer waerd kletstrochwiet fan swit en de hals waerd him tichtlutsen. Fan sawn dochters is der ien by, dy is tusken man en frou yn.
nl.verhalenbank.37326
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme. It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes. De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp. Ik wie bang foar...
nl.verhalenbank.20669
De frou fan Rikele Witteveen fortelt: Ik haw us in nachtmerje by my hawn, dat wie in jonge mei skeinspruten en read hier. Hy kom stadich by my. Earst by de teannen en sa mear omheech. Ik seach him sitten. Hy knypte my de hals ticht en seach my strak oan. Ik wie ôfgryslike binaud.
nl.verhalenbank.19920
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. 't Is de âldste of de jongste. Nachtmerjes komme nachts by de minsken. Se knipe de minsken de hals ticht. Us heit gyng altyd achterstefoar op bêd. Dat die er om 'e nachtmerje. De minsken hâldden nachts de kaei oan 'e binnenkant yn 't slot. Dat dienen se om 'e nachtmerjes en de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.36326
Nachtmerjes knypten jin de hals ticht. Ien fan sawn froulju wie in nachtmerje. De nachtmerje kom altyd troch it slotsgat. Der wienen twa middels om har to kearen: moal op it gesicht struije (hwant nachtmerjes mochten neat meinimme) en ien toffel goed en ien toffel oarsom foar it bêd sette.
nl.verhalenbank.16974
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij." Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei...
nl.verhalenbank.29754
Us buorman wie frijgesel en wenne allinne. Alle nachten hied er in nachtmerje by him. Hy wist ek wol hwa't it wie. 't Wie de dochter fan Ritske Vellinga. Dy kom troch 't kaeisgat by him yn 'e hûs. By 't fuottenein kom se by him en sa gong se nei foaren ta. Dan gong se him op it boarst sitten en dan knypte se de hannen om syn hals hinne, dan smoarde er...
nl.verhalenbank.33205
Kwelgeest in een klooster Een arme vrouw had eens gedurende de Vasten, in het klooster 'Wertet' (1 dat in het graafschap Horn lag, een maat zout van ongeveer drie pond geleend. Enige dagen voor Pasen bracht zij het zout terug, maar geen drie doch zes pond. Het scheen echter dat het met dat zout niet in de haak was. Van dat ogenblik af vonden de nonnen in...
nl.verhalenbank.43076
11