Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
De nachtmerje heart men altyd wol oankommen.
Ik forskou de klompen altyd, as ik der jouns ynkom. Ik set se noait rjocht njonken elkoar del.
nl.verhalenbank.25421
De nachtmerje komt yn 'e nacht by de minsken.
Froeger setten se de klompen ûngelyk foar de doar 89 jouns. Guon âlde minsken dogge dat noch. Oars kin de nachtmerje dêr yn stappe. Hwant sy rint altyd yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
De nachtmerje komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken struiden wol us moal op 'e rânne fan 't bêd of op 't gesicht...
nl.verhalenbank.24237
Hjir hat in mem wenne dêr kom altyd in nachtmerje by. Dy koe troch alle lytse gatsjes. 't Wie in frommeske. Hy hat har in kear achter de keamersdoar stean sjoen. Hja hie lang hier op 'e holle.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Om har to kearen mat men de klompen onrjocht delsette.
nl.verhalenbank.24652
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette.
En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120