Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Japik Ingberts wie ris in kear om in jounpraetsje by syn buorlju oan 'e Wedze to Twizel. Doe seach er dêr yn 'e keamer in horloazje oan in spiker hingjen, krekt ûnder in gleske. Hy hie 't eech dêr de hiele joun net ôf.
De boer en de frou, dy seagen dat en hâldden him yn 'e gaten. Doe't er fuort wie, seinen se: "Hast it wol sjoen? Hy komt hjir joun grif om...
nl.verhalenbank.33684
Froeger moesten se yn Jistrum de klok liede as der in ryksdaelder wiksele wurde moest, woarde der altyd sein.
nl.verhalenbank.22826
Ik wie ien en tritich jier en ik wenne op 'e Iest hjir yn Jistrum. Dêr hearde ik op in joun tige dúdlik it tikjen fan in wekker. Dat gebeurde nei dy kear wol faker. Mar dêr wie gjin wekker. Letter woarde der op dat plak in sliepkeamer boud. Dêr kaem ek in wekker yn. Dy wekker hie ik fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.33438
Jistrum wie froeger sa earm, dat, hwannear't der in ryksdaelder wiksele wurde moest, moest de klok let wurde, woarde der altyd sein.
nl.verhalenbank.20595
Healwize Eabele fan 'e Westerein dy hat foarspeld dat Feanwâlden de foarstêd fan Ljouwert wurde soe, en dat der in poartebelle hingje soe. Dy poartebelle hied er lieden heard. Dat wie yn 'e tiid foardat de trein dêr ried.
Der kaem letter yndied sa'n belle op it stasjon to hingjen.
Dy belle waerd let as de trein fuort gong.
nl.verhalenbank.37217
Jehannes tsyske fan Feanwâldsterwâl liet yn Feanwâlden de wizer fan 'e klok fan 'e toer ôffalle.
nl.verhalenbank.37210