Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
401 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: kist
Myn pake Tamme hat wenne yn in hûs, dat [op] in kampke lân achter dat fan myn broer Tamme stie op 'e Gariperheide (it wurdt altyd by Sumarreheide rekkene). Pake wenne dêr mei twa soannen: Jelle en Binne, dy't doe noch net troud wienen. Op in joun kaem Binne let thús. Hy sei tsjin Jelle: "Dêr hie 'k in nuvere moeting nyskes. Dêr kaem my in lykstaesje yn 'e...
nl.verhalenbank.31894
Boardzer Bruining, myn neef, kom us op in joun thús, doe tocht er: Hwat wappert dat by de glêzen. It glês wie omheechskoud en de gerdinen wapperen op 'e wyn. Der hie in deakistje oer de flier stien. Koarte tiid dêrnei stoar syn broerke. It kistje moest ûnder 't finster troch. 't Waeide nochal hwat, de gerdinen wapperen foar 't iepen finster. Alles hie...
nl.verhalenbank.25605
By de Skilige Piip siet ek in kiste yn 'e groun mei jild der yn. Dy sakke ek altyd djipper, as se dêr bigounen to graven.
nl.verhalenbank.38132
De kraaien ook. Als er heel veel kraaien ergens zitten....och hee, dat is...eh, ja, want ze noemden de mensen die liepen met die kisten en zo, en die dragers en zo, dat waren de kraaien. Zo werd het vroeger altijd gezegd. "Dat bin zwarte kraaien," dus als je dan een hoop van die zwarte vogels zag..."Ach hee, dat bin de kraaien, nou gaat er één dood." Dat...
nl.verhalenbank.44210
Veurloop. Wat woar is dat is woar. Binnen wel mensn, dei dr nait aan leuvn, moar wat ik toch beleefd heb en zain mit aigen oogn, proat mie gain mens uut de kop. Wie woonden indertied in de Beetse. ‘s Mörns brochde mien vrouw de sikke noar boetn en den zee ze wel ais: “Ik heur voak n törteldoeve rouom; t is net of e bie ons in hoes is.” Nou kon dat niat,...
nl.verhalenbank.44562
Rinse de Valk syn frou wie yn forwachting, dy forwachte in lytsen. Op in kear gong er it gongkje troch en soe nei de keamer ta. Doe't er yn 'e doar stie, seach er dat guon in kiste swaeiden yn 'e keamer. In deimannich letter stoar syn frou mei de bifalling tagelyk mei it berntsje. Doe seach er dat de buorlju de kiste yn 'e keamer swaeiden. It wie krekt...
nl.verhalenbank.20609
Op 'e Skilige Piip spokket in âlde hear, wurdt der altyd sein. Dêr hat froeger in slot stien en dêr wenne in mynhear yn mei in hiele protte jild. Dat hie dy mynhear letter bidobbe yn in kiste. Doe't er dea wie, spokke dy man dêr om. Hy hie reade hakken ûnder 'e skuon, wie 't sizzen altyd. Hy waerd neamd: de mynhear fan 't slot. Dêr spokke èk in hynder. De...
nl.verhalenbank.38091
Mem soe op in moarn om trije ûre nei 't wurk ta. It wie oan 'e Boppewei yn 'e Westerein. Doe seach se hwat oankommen. Hwat it krekt wie, koe se net rjocht sjen, mar 't like wol op in greate bak of greate kiste. It wie op 'e brêge, sei mem, by de opfeart. Doe wie 't ynienen as kommen der geluten fan 'e wei. Krekt as der in kiste troch 't boomiis sonk,...
nl.verhalenbank.21067
Het gebeurde vroeger veel, dat als er een nieuwe knecht of meid bij een boer kwam, dat deze zoodra ze maar even binnen de deur was met een bak, pan of nap, soms met een emmer met water [werd] natgegooid. Na die verfrissching was zij of hij als huisgenoot aangenomen. Als een kleinkind naar grootvader of grootmoeder genoemd is en er komt bij een anderen oom...
nl.verhalenbank.39628
Us mem seach de dingen faek fantofoaren gebeuren. Wy wennen yn 'e Westerein njonken âlde Willemke. Op in kear sei ús mem: "Ik ha âlde Willemke dea lizzen sjoen yn 'e kiste. De kiste gong ûnder 't glês troch, sy koenen him net troch de doar krije." Doe wie Willemke hielendal net siik. Twa dagen letter is se ûnforwacht stoarn. It gong allegear krekt sa sa't...
nl.verhalenbank.36296
As men pine yn 'e mûle hat mat men in levende kikkert yn 'e mûle dwaen mei de achterste poaten der ta'n út. Men kin ek in spiker fan in deakiste fan 't tsjerkhôf helje en dy tsjin 'e kies oan hâlde. Men kin ek in tsjerkhôfsbonkje ophelje. Dit mat men mei in bûsdoekje opkrije en fral sa net yn 'e hân nimme. Hwant alles hwat sa'n deabonkje oanrekket, giet...
nl.verhalenbank.12334
Wy ha ús beppe by ús yn hawn. Dy is 93 jier âld woarn. Hja lei op it lêst yn 't ledikant by ús yn 'e keamer. Fjouwer wiken foar har dead leinen heit en mem op in nacht op bêd. Doe hearde heit hwat oer 't hûs. Hy sei tsjin mem: "Ik hear dat der hwat ûnder 't finster troch skoud wurdt. Dat komt by 't stalt fan 'e feart wei. Sa is 't by de kant op kaem en...
nl.verhalenbank.38287
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech. Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd. Letter stoar der ien fan myn...
nl.verhalenbank.28080
Alde Hindriks Janke fan 'e Harkema koe altyd krekt fortelle hwannear't der ien op 'e buert stoar. Sy plichte it wol gauris tsjin ús mem to sizzen, dan wist dy it ek. Us mem hie fiif kear in bern forlern en dêr hie se it tige mei to dwaen hawn. Doe sei Janke op in kear tsjin mem: "Der komt wer in sterfgefal op 'e buert." "Och heden," sei mem, "as 't wer by...
nl.verhalenbank.28081
Annemoai wie us by ús beppe yn 'e Rotfalle op bisite. Doe gong Annemoai der even út. Doe wie 't krekt as gong der in lykkiste by beppe lâns. Annemoai rekke oan it sukkeljen en frij koarte tiid dêrnei stoar se.
nl.verhalenbank.26090
Us mem hat ek sjoen dat twa berntsjes fan ús buorlju stoarn binne. Dat wienen Geale en Tsjimkje, broer en suster fan Jehannes' Minke. Mem sei: "Se sille sahwat tagelyk stjerre, hwant ik ha se tagelyk yn 'e kistjes lizzen sjoen." En dat is ek útkom, hwant sy woarden beide tagelyk nei 't hôf ta brocht. Mem sei doe ek noch: "It sil hjir op mear plakken...
nl.verhalenbank.36297
Heit hie in broer, dat wie Sytse Koster. Dy wenne yn 'e Hamsterheide, mar hy arbeide yn Eastemar by Wilko Werumeus Buning. Doe seach er op in kear op 'e Boskwei, dêr't er lâns moest in lykstaesje. It wie in kreamfrou dy't der stoarn wie, hwant hja hie in wyt kleed oer de kiste hinne. De lykstaesje gong him foarby. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23665
Hjir yn 'e Rotfalle hat earen in timmerman wenne. Se ha my wolris forteld, dat dy timmerman soms yn 'e nacht biweging yn 't hout hearde. Dat wie krekt itselde lûd as hwannear't er in deakiste timmere. 't Soe noait misse as dan waerd der mei gauwens wer in kiste troch him makke.
nl.verhalenbank.34443
By Hinke Kaert op Nijebrêge kom us in minske, dat makke har soargen oer de takomst. Hinke sei tsjin har: "Jo hoege jo nergens soargen oer to meitsjen. Jo komme mei koarten yn in houten húske to wenjen, ûnder it skaed fan hege beammen. Jo hoeve nergens foar to soargjen, foar gjin húsrie noch oare spullen." De frou wie gerêst en gong nei hûs ta. Mar koarte...
nl.verhalenbank.20185
Oan 'e Boppewei sit in kiste mei jild yn 'e groun. Yn Uthuzen wie in spûkskuorre, dêr doogde it net. Dêr woe noait ien sliepe.
nl.verhalenbank.36877
1