Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide.
As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Froeger seinen se tsjin ús as bern: Traepje noait op in pod, hwant dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.31494
As wy jouns let noch bûten wienen as bern, dan seinen se:
"Pas op, de berndieven pakke dy."
Kamen wy by 't wetter, dan wie 't: "Dêr sit in hiele greate frosk yn, dy is altyd lulk op bern."
nl.verhalenbank.32059
Tsjin bern dy't by 't wetter boarten waerd sein: "Pas op, de kikkerts lûke dy deryn.
nl.verhalenbank.31627
Liuwe Kûper wie kûper yn Burgumerheide. Hy wie âld-feint en 't wie in tsjoenster. Hy wenne by twa minsken yn, oan 'e Rottereed. Op in moarn lei Liuwe op bêd. Sy rôpen him om thé. Hy rôp: "Ja, ik kom!" Mar hy kom net.
Doe gong de frou der hinne to sjen. De hiele Liuwe wie fuort. Tekkens en lekkens wienen fan 't bêd ôf. Hy wie der net.
Twa ûren letter lei...
nl.verhalenbank.20258
Ik en myn suster wienen fan dy bern. Wy wennen yn 'e Burgumerheide en 't wie dy deis Burgumer merke.
Dêr woenen wy stomme graech hinne fansels. Mar, sinten hienen wy net. Doe sei ús mem: "Hjir ha jim in poarsje jirappelskilen." Dy koenen wy kwyt oan in minske dat se opkochte. Wy krigen der twa sinten foar. Doe hienen wy elk in sint.
Doe gongen wy nei...
nl.verhalenbank.20285
It spoek as berneskrik
'As de bern net op bêd woenen, of har net deljaan woenen, dan wie yn Earnewâld, en yn Garyp ek wol, it gesegde: Wy sille de Langesleatter man helje! Dat wie in spoek foar de bern en foar de grutten' (H.H.).
nl.verhalenbank.13712
Wienen bern jouns let noch bûten, dan sei men: "Gau yn 'e hûs komme, oars pakke de berndieven dy."
nl.verhalenbank.31628
"Yn 'e reinwettersbak sit in rare keardel", sizze se yn 'e Sumarreheide tsjin 'e bern. As jy der yn roppe, dan ropt er jin nei.
nl.verhalenbank.24519