Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de bern froeger to ticht by it wetter kamen seinen de minsken: Tink der om, de kikkerts pakke dy.
nl.verhalenbank.31326
Mem sei froeger: Traepje noait op in pod, hwant dan krije wy swier waer.
nl.verhalenbank.31237
As de bern ticht by 't wetter kamen, seinen wy: Tink der om, de kikkerts pakke dy.
nl.verhalenbank.31178
As wy ticht by 't wetter kamen, sei ús mem: "Tink der om, aenst pakke de kikkerts dy."
Us heit sei, as wy allinne nei 't wetter gongen op it Bûtenfjild: "Tink der om, foar donker wer thús wêze, oars pakt de griene man dy."
Ek: as jy by 't donker thús komme ha jy kâns dat de wettergeast jin pakt.
nl.verhalenbank.31001
Yn Twizelerheide rieden guon tsjoensters op 'e biezem troch de loft.
Der waerd as bern tsjin ús sein: Traepje noait op in pod, hwant dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.31206
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
Kaem in bern to ticht by 't wetter, dan seinen se: Pas op, aenst pakke de kikkerts dy of: der is in grouwe snoek, dy lûkt dy der yn (Sumar).
nl.verhalenbank.31288